heit&mem

Baaksters en kreamfersoarchsters

Dieuwke van der Meer 5 september 2017

It ferskil tusken de baaksters fan eartiids en de kreamfersoarchsters fan tsjinwurdich is de oplieding. De baaksters hawwe in oare oplieding hân. De measte kennis kaam troch ûnderfining en it tochjaan fan dizze kennis. It byleauwen is fan alle tiden. Dêr komt ek de term ‘bakerpraatsjes’ wei. Kreamfersoarchsters hawwe in trije jierrige oplieding folge.

Heiten en Memmen ha yn Nederlân rjocht op 24 oant 49 oeren kreamsoarch yn meastentiids 8 dagen. (Landelijk indicatie protocol). At der mear soarch nedich is, kin it yn oerlis mei de ferloskundige, en ôfhinklik fan de fersekering, útwreide wurde.

Soarch foar mem en poppe

Kreamsoarch is de soarch foar mem en de poppe. Dat is de belangrykste taak fan de fersoarchster. Se assistearret de ferloskundige by de befalling. Se docht kontrôles by mem en de poppe, hâldt de temperatuer fan ‘e poppe yn ‘e gaten en kontrolearret de liifmoer (baarmoeder) en it floeien. Mar ek it gewicht fan de poppe wurdt byhâlden en se helpt mei de boarst- of flessefieding. Ek leart se de heit en mem hoe’t de poppe wosken wurde moat en hoe’t de lytse poppe yn bad moat. Se is foar de heit en mem in fraachbaak fol mei advizen en tips.

Skjinmeitsjen

Dêrneist fersoarget se de eventuele bern en as de tiid it ta lit docht se ek de húshâlding. Sa as it skjinmeitsjen fan it sanitêr, de wask en it stofsûgjen. Mar krekt wat de tiid ta lit en wat de heit en mem wichtich fine.

Kreamfersoarchster Alnita Miedema skriuwt handige tips foar de kreamtiid foar HeitenMem.nl. Hast in fraach foar Alnita? Reagearje dan op dit artikel.

Yn dit boekje kin de kreambesite in winsk efterlitte foar de lytse poppe. Leuk om as kado wei te jaan!

product_3309_0_2

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!