heit&mem

Hoe oerlibje ik… it earste jier fan ús lytse poppe?

Maaike: ‘Als nieuwbakken moeder van onze zoon Jelmer ben ik op een hele nieuwe planeet beland. Hoe mooi ik het ook vind om moeder te zijn, ik moet heel erg wennen aan de veranderingen in mijn leven. Ik ging parttime werken en dat was nogal een verandering. Jelmer bepaalt mijn ritme en mijn vrije tijd. En van de avonden en weekenden blijft ook weinig over. Mijn vriendinnen zie ik nauwelijks meer en mijn partner is papa geworden. Waar zijn de romantische avonden gebleven?’

Ciska Noordmans 7 december 2023

1.  Yntuysje
Faaks hasto al fernommen dat sûnt de swangerskip elkenien klearstiet mei goeie rie. Fan bemuoisuchtige (skoan)mem oant wyldfrjemde minsken yn de supermerk. It sil allinne noch mar slimmer wurde. Elkenien hat in miening oer boarstfieding, flessemolke, sliepritmes en de ûntwikkelings fan jim berntsje. Folgje dyn eigen yntuysje en doch it op dyn eigen manier!

2.  In nije rol
Nei trije moanne hoechst net alles op ’e rit te hawwen. Mem wurde set dyn hiele libben op ’e kop. Net allinne lichaamlik en praktysk, mar ek op dyn wurk en yn de relaasjes mei dyn partner, famylje en freonen. Nim minstens in jier de tiid om oan dyn rol as mem te wennen en derachter te kommen hoe ast dyn libben ynrjochtsje wolst meí poppe. Geduld mei dysels!

3.  Oppas
Ast fernimst dat de muorren op dy ôffleane, wurdt it tiid om ôfstân te nimmen fan ‘thús’ en leuke dingen bûten de doar te ûndernimmen, koartsein, wurdt it tiid foar in flinke doasis ‘me-time’. Lekker byprate mei in freondinne, út iten mei dyn partner yn in sfearfol restaurantsje, of eefkes te winkeljen. Nee dat is net egoïstysk! De soarch foar de lytse kostet in bulte enerzjy, en dêr hat dyn omjouwing faak gjin weet fan. Sykje in betroubere oppas en laad dyn batterij wer op. Klear foar in nije dei!

4. Gefoelich
Ynienen kinst dy grien en giel ergerje oan jim mem dy’t alles better tinkt te witten. Of binne de freondinnen ynienen fan de ierdboaiem ferdwûn. Asto foar it earst mem bist, bringt dat ek in protte ûnsekerheden mei him mei, en in hiel frachtskip oan ferantwurdlikheidsgefoel. Bist noch sykjende, en dêrtroch reagearrest wat gefoeliger op dyn omjouwing. Dêr komt noch by dat oaren ek oan dy as mem wenne moatte. Wannear kinne sy dy belje, en hasto noch wol sin om fuort? Besykje iepen en earlik te wêzen oer de faze dêr’tst yn sitst. It is ommers mar in faze.

5. Enerzjy
Hast alle memmen stopje suver alle tiid en enerzjy fan de dei yn de lytse poppe, en dêrnjonken noch it nedige yn húshâlden, wurk en relaasjes. Dyn partner hat faaks noch net iens troch hoe’n enerzjyslurper jim lytse pjut wêze kin op in gewoane thúsdei. De measte memmen wolle ek ‘gewoan’ mei alles op deselde manier trochgean as foar de befalling. Mar dat kin net. Akseptearje help fan oaren en realisearje dy dat net alles yn it húshâlden op dyn manier hoecht te gebeuren. Wês leaf foar dysels. Nim genôch rêst, yt regelmjittich en sûn, en gean op ’e tiid op bêd. Ferjit foaral net yn de spegel te sjen. Lit dy ferwenne by de kapper en doch dingen dêr’tsto enerzjy fan krijste!

Ut: De Lytse Heit & Mem 2015 nr. 2

Mear lêze oer it earste jier as mem fan in lytse poppe? In boek-suggestje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!