heit&mem

Vrolijke broodtrommels

Vrolijke broodtrommels

Eartiids krigen bern faak in appel of in mandaryntsje mei nei skoalle, gewoan sûn en simpel. Letter waarden de ferpakte koekjes hieltyd mear in trend. Mar sa stadichoan kieze de âlders wer hieltyd faker foar sûn, mar net altyd foar simpel. Kreative bôletrompkes binne no de trend!

Sietske Zwart 27 november 2015

11350766_1149893185037352_1615335750525283093_nTyp #meenaarschool yn op Twitter of op Pinterest en op dyn skerm ferskine prachtige, kleurige, kreative en sûne bôletrompkes. In gewoane appel meijaan is mar saai. Wêrom gjin drúfkes, stikjes woartel of komkommer, nútsjes, banane-pankoekjes, stikjes aai, woarst of kiwy mei yn in hip bôletrompke? Dat is dochs folle leuker om op te iten? 

Tips foar in sûn en kreatyf bôletrompke:

  • Meitsje gebrûk fan fleurige prikkers of útstekfoarmkes, foar stikjes tsiis yn blomkesfoarm of stikjes meloen yn de foarm fan in hertsje, of in aaike mei eachjes
  • Jou mei wat dyn bern lekker fynt
  • Sieden en nuten binne in goede boarne fan aaiwiten en fetten, goed foar bern dy’t in drokke skoaldei hawwe
  • Brûk in trompke mei fakjes
  • Bak ek ris sûne koekjes, cakejes of pankoekjes mei en foar dyn bern
  • Doch der ek ris in leaf briefke yn
  • Sjoch hjir foar mear ynspiraasje

 

8488152978_13873e4c48_o 8b224962e3470b67e970b469a967f6e5 8598364225_4b3b74b17c_o
8581075530_fd99b7c78d_o 9610259306_507b855a68_o 8533418819_02beef6e91_o

 

Ut: heit&mem nr. 2 2015

Kijk ook eens op www.hellolunch-shop.nl. Daar vind je allerlei leuke en handige spulletjes om van de kinderlunch een feestje te maken.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.