heit&mem

It poesyalbum

Dieuwke van der Meer 14 juni 2019

baby3Wat wie dat prachtich ast sa’n moai album krigest en dan faak ek noch mei fan dy prachtige plaatsjes dy’t as fersiering fan dyn ferskes tsjinje koene. Soms krigest dat op ’e jierdei, of fan Sinteklaas. Wat wiest der sunich op, en wat wiest nijsgjirrich wat elkenien deryn skriuwe soe. Mar earst fansels dyn eigen ferske, dat sjen liet, dat it album fan dy wie.
En ja, sa’n album hie fansels de namme ’Poesy-album’. Letter harkest der ferheard fan op, dat ‘poesy’ foar poëzy stie. Logysk fansels, mar noait oan tocht.

Op dizze side binne allerhanne âlde, mar ek nijere ferskes opnommen, te begjinnen mei in ‘eigendomsferske’ en datumferskes, folge troch ferskes dy’t heit, mem of oare famyljeleden dêryn skriuwe kinne. Lytse grapkes en goede winsken hearre fansels ek yn it album. Der sil fêst wat by sitte dat wer op ‘e nij brûkt wurde kin foar in nije generaasje grutske albumbesitters.
Mar it is fansels ek aardich om te witten, wêr’t dy albums weikomme, hoe’t se ûntstien binne en hoe’t se op ’t lêst wurden binne. Dêr folget hjir neiere ynformaasje oer.

Dat we poesy sizze ynstee fan poëzy sil te krijen hawwe mei it feit, dat de minsken it Frânske wurd ‘poëzie’ nochal dreech fûnen om út te sprekken.

teddy_paardWat is dat eins? In poesyalbum?

It Nederlânske Van Dales Groot woordenboek definiearret it sa:
‘poe·sie·al·bum (het ~) album voor versjes als aandenken aan vrienden’.

It Wurdboek fan de Fryske taal (diel 17) jout it lemma ‘poëzij-album’ en hat dêr as oantekening by: ‘Vaak, met beklemtoning van eerste woordlid, uitgesproken als [pusi-]’. It jout fierder gjin omskriuwing fan it begryp, mar allinne de Nederlânsktalige oersetting ‘Poëziealbum’. Yn de skriuwwize folget it dus net de Van Dale.
Dat it lykwols wol ta dy útspraak [pusy-] kaam, sil te krijen hawwe mei it feit, dat de minsken dat Frânske wurd ‘poëzie’ nochal dreech fûnen om út te sprekken.

It album as sadanich sa’t it der hjoed de dei útsjocht, bestiet sa likernôch 150 jier. Meastentiids hat it in formaat fan 14 by 16 sm en is it yn allerhanne kleuren te krijen. De ynhâld is blanko, dat dan kinne âlden, paken en beppen, juffen en masters en fansels freontsjes, mar fral freondintsjes der har ferskes mar yn skriuwe. Sa wurdt it in album dêr’t de eigner letter al dy minsken yn weromfine kin. En even oan har tinke kin, fansels.

It album as sadanich sa’t it der hjoed de dei útsjocht, bestiet sa likernôch 150 jier.

bloem2Hoe brûkst in poesyalbum?

Op de earste, rjochterside stiet faak in fers fan de persoan fan wa’t it album is. Oare teksten wurde faak socht yn albums fan mem, fan beppe of oare famylje en freonen. Dêrtroch binne de opnommen teksten faak wol wat âldfrinzich mei in boadskip foar it libben. Geboaden as leaf wêze, net leugenje, fan dyn âlden hâlde, laitsje, om sizzen jaan neist spesifyk kristlike wearden wurde nei foaren helle en dan binne der fansels fral ek de ferjit-my-netsjes. Inkeldris makket ien sels in gedicht; benammen de learkrêften dogge dat. Sa foarmet sa’n album in stikje folkskultuer fan alle rangen en fermiddens.
De linkerside krijt moaie saneamde ‘poesy-albumplaatsjes’. Faak sjochst dêr hûntsjes, katsjes, hertsjes en oare leaf oandwaande bisten op. Blommen binne fansels yn alle mjitten en formaten ek graach sjoene ûnderwerpen, krekt lykas leave jonkjes en famkes. Tsjintwurdich wurde ek faak kaarten of stickers opplakt. Krekt as by de teksten makket sa no en dan ien sels in tekening.

Fan de albums oant 1640 binne noch mar 417 oerbleaun. It âldste Nederlânske album is fan 1556.

engelbloemenWa brûke in poesy-album?

Hjoed de dei binne it fral skoalgeande famkes dy’t in poesy-album brûke. Sy nimme it album mei nei skoalle en dan meie earst de learkrêften dêr wat yn skriuwe. Mar ek freondintsjes en in hiel inkelde kear ek freontsjes skriuwe dan har ferskes. Dochs hawwe dy jonges sels mar hiel selden sa’n album. Wat tsjintwurdich wol mear opkomt is it freoneboek. Dêr binne faak al foarprinte saken yn te finen as it oantsjutten fan de namme, bertedatum, hobby’s, favoryt iten, moaiste film en sa mear. Klasgenoaten en freonen meie dan yn dy rubriken har bydragen skriuwe. De plaatsjes fan it poesy-album binne hjir ferfongen troch in (pas)foto.

Healweis de 18de ieu wie it album hiel populêr. Op dy albums stiet op it omslach faak it famyljewapen mei dêrûnder in Latynske spreuk. Sa koest sjen út watfoar famylje de eigner kaam.

beer_pilootDe skiednis fan it poesyalbum

De poesy-albums sa’t dy der no útsjogge, binne dus sa likernôch oardel ieu âld. Dat sa’n album in lange foarskiednis hat yn de fan oarsprong freone-albums, witte in soad minsken net. Nijsgjirrich om te sjen is, hoe’t de poesy-albums fan tsjintwurdich út dy tradysje wei foar it ljocht kommen binne. It begûn al yn de 15de, 16de ieu mei de reizgjende studinten mei dat freone-album, dat se ‘album amicorum’ (= list fan freonen) neamden. Dêryn sammelen se oantinkens oan de minsken dy’t se moeten, faak opsierd mei yllustraasjes fan allerhanne aard. Wapens, skilderingen en ynskripsjes binne dêr te finen.
It wiene fral jonge manlju út deftige húshâldings, en dan benammen studinten, dy’t sa’n album hiene. Yn dy tiid wie it hiel gewoan dat dy studinten har foarming by ferskate Europeeske universiteiten krigen. De minsken dy’t sy dêr moeten, sawol mei-studinten as professoaren, soargen foar in oantinken yn de albums. Dy bydragen bestiene faak út in motto of sitaat, in plaknamme en de datum, de namme fan de skriuwer en it neamen fan de freonskipsbân. Fan de albums oant 1640 binne noch mar 417 oerbleaun. It âldste Nederlânske album is fan 1556.
Dat waard yn de 17e ieu al wat minder, mar healwei de 18e ieu wie it album wol hiel populêr. Op dy albums stiet op it omslach faak it famyljewapen mei dêrûnder in Latynske spreuk. Sa koest sjen út watfoar famylje de eigner kaam. Fierders waarden bibelteksten en sitaten fan klassike skriuwers brûkt, neist wurk fan tiidgenoaten, Nederlânske en bûtelânske skriuwers.
Yn de 19de ieu waard dat oars en moasten de studinten der neat mear fan hawwe. Doe waard it stokje oernommen troch jongedames fan de bettere stân en yn de rin fan de tiid gie de leeftyd fan de brûkers stadich nei ûnderen en binne it no de bern fan de basisskoalle, dy’t freegje om ferskes fan famylje en freonen.

Yn de 18e ieu waarden bibelteksten en sitaten fan klassike skriuwers brûkt yn poesyalbums, neist wurk fan tiidgenoaten, Nederlânske en bûtelânske skriuwers.

 

Besjoch hjir alle Fryske poesyalbum-ferskes

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!