heit&mem

De stavering fan wyt, wiet, wiid

De stavering fan wyt, wiet, wiid

Hoe wie dat ek alwer krekt mei dy y-klank? Wannear is bygelyks in broek no wyt, wiet of wiid? Wy lizze it dy út!

Sietske Zwart 4 mei 2018

wyt, wiid, wiet-06

 

De stavering fan de y/ii/i/ie

Regel 1

Yn in sletten wurdlid (lettergreep) is de útspraak it wichtichste:

y (koart) – ii (lang) – i (fan ‘pit’)
 
De sprekke wy út as de ie yn it Nederlânske wurd lied of ziet. (lykas wyn, lyts en yn)
De ii is in lang lûd (lange klinker), wy sprekke it út as de ie it Dútske wurd Liebe. (lykas piip, priis, tsiis en tiid)
De i yn in sletten wurdlid sprekke wy út as de i yn it Nederlânske wurd kip. (lykas rinne, wille, ik en hin)

De útspraak jout sadwaande oan wannear’t wy y, ii of i brûke.

Regel 2

Yn in iepen wurdlid (lettergreep) brûke wy altyd* de i (fan brike – Ned. scheve). Dat jildt foar koarteen foar lange i-lûden:
Foarbylden: bryk – brike, hyt – hite, wiid – wide, priis – prizen
* Yn frjemde wurden kin de y yn iepen wurdlidden foarkomme: pyromaan, type.

Regel 3

Oan de ein fan in wurd brûke wy y:
Foarbylden: taksy, yndustrym politisy, juny

Tink derom

  • de ie yn de wurden ien en dien en stien is in twalûd. Dat hâldt yn dat de útspraak hiel oars is as de ie yn it 
    Nederlânske fiets. Dat is yn feite in koart y-lûd. 
  • It Fryske wurd in is it Nederlânske een, it Fryske wurd yn is it Nederlânske in. It Fryske wurd it is it Nederlânske het. 
    De wurden it en in wurde útsprutsen mei in toanleaze e. Wy skriuwe se mei in i. 
  • Foarheaksels as yl-, ym-, yn-, ynter- en yr- wurde krekt as de y yn in sletten wurdlid stavere: yllegaal, 
    ynteresse, yrrigaasje, yllustraasje, ynternasjonaal, ymmigraasje
  • de achterheaksels –heid en –dei sprekke wy út as y, mar sa skriuwe wy se net: jierdei, oerheid, moandei, frijheid
  • Yn ’e Wâlden wurdt -dei úsprutsen as -je.
  • Hy, sy, my, by, wy, dy wurde yn de Wâlden mei in y útsprutsen en op deklaai mei in ij. Sjoch ek de les oer de ei/ij. 
  • De nasale i-lûden skriuwe wy mei in i: minske, grins.

    Wolst mear oer de Fryske taal witte? Miskien is in kursus Frysk wat foar dy!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!