heit&mem

Hoe komt Sinteklaas yn Nederlân?

Sinteklaas op it wite hynder, wa betinkt soks? Komt soks út de loft fallen of sit hjir in ferhaal achter? Wolst it echt witte? Lês dan fierder! (Dan witst ek wêrom Americo net swart is!)

Ciska Noordmans 23 november 2015

Sinteklaas, beskermhillige by gefaar fan see 

De Sinteklaas dy’t wy kenne, wie biskop Nicolaas fan Myra. In hillige dy’t yn de fjirde ieu nei Kristus libbe. De stêd Myra, hjit no Dimre en leit yn Turkije. Biskop Nicolaas ferstoar yn Myra en waard dêr ek begroeven mar yn 1087 ha kristlike keaplju syn kiste nei Bari yn Súd-Itaalje brocht. Sy woene net dat de hillige yn hannen fan rôfsuchtige folken kaam. Bari rôp de woldwaner út ta beskermer by gefaar fan see.

Sint-Nikolaastsjerken om de Sudersee hinne

By de hiele Noardseekust del oant Yslân ta en by de Eastsee lâns kamen Sint- Nikolaastsjerken, om skippen it paad te wizen. Fia Frankryk en Flaanderen kaam Sinteklaas nei de Lege Lannen. De tsjerken dy’t oan de hillige Sint Nikolaas wijd binne, lizze rûnom de eardere Sudersee hinne.

Sint Nyk 

It doarp Sint Nyk en har tsjerke binne wijd oan Sinteklaas. Dy hillige Nicolaas kin men yn ’e moaie en ryk fersierde neo-goatyske (roomske) tsjerke fan Sint Nyk op mar leafst seis plakken weromfine.
Sinteklaas wurdt gauris ôfbylde mei trije jildpongen, ballen, boarden op in boek, in anker of trije bern yn in kûpe. Dy dingen ferwize nei it patronaat dat de goedhillich man hat foar bakkers, seelju, reizgers en bern. Mar foar de measte bern binne de miter en de stêf al genôch om Sinteklaas te werkennen.

6 desimber, syn stjêrdei

6 desimber wie net syn jierdei, mar de dei dat biskop Nicolaas stoar, yn it jier 342. De tsjerke ferklearre him hillich en sa waard Nicolaas, Sint Nicolaas, wat by ús al gau Sinteklaas waard.
It feest fan de stjerdei fan in hillige begjint op de jûn dêrfoar en sa waard de jûn fan 5 desimber dus in feestjûn.

Sinteklaas of Wodan mei syn wyt burd

It Sinteklaasfeest is wierskynlik in mingeling tusken de ferearing fan de hillige Nicolaas en in tal Aldgermaanske gebrûken. De skimmel fan Sint, syn lange wite burd en it riden oer de dakken komme streekrjocht út de Germaanske mytology. It wie krekt de god Wodan dy’t mei syn hynder Sleipnir troch de loft ried.

Swarte Pyt

Hoe’t Swarte Pyt krekt oan Sinteklaas kommen is, is net krekt dúdlik. Yn 1850 kaam er foar it earst foar yn it boek Sint Nikolaas en zijn knecht.
De roede fan Swarte Pyt soe net kwea bedoeld wêze, mar waard by de Germanen brûkt by fruchtberheidsrituelen. Mei de twigen waarden de jonges en famkes slein as sy opnommen waarden yn de stam. In hanneling dy’t fruchtberens en groeikrêft garandearje moast.

Americo, de skimmel fan Sinteklaas

Foar de Germanen en Perzen wiene skimmels hillige bisten. Yn guon streken waarden de wite hynders sels offere. Wyt is de kleur fan gelok, ljocht en it goede. In protte herbergen yn Ingelân hjitte net foar neat ‘The white horse’.
Oan Wodan, de god út de Germaanske mytology, offeren de minsken folde daaikoeken, fleis en fruchten fan it fjild. Bern sette no in skoech klear by de kachel of by de doar mei hea en in woartel foar ’t hynder.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.