heit&mem

In kwetsber begjin   

Lytse, trochskinende hantsjes en fuotsjes, oeral slankjes en in wirwar fan triedden dy’t mei plakkerkes fêstsitte op it poppelyfke. Wa’t wolris op de kûveuzeôfdieling fan in sikehûs west hat, wit hoe yndrukwekkend it is om al dy lytse poppen dêr te sjen. Dorina van der Ploeg-Rodenhuis en Greetje Elzinga-Hettinga hawwe sels ûnderfûn hoe’t it is as dyn lytske dêrtusken leit. ‘It is de meast hektyske en heftige perioade út dyn libben.’

Nynke van der Zee 20 augustus 2023

Draak fan in befalling
Bouwe leit lekker te sliepen yn syn bernewein, de earste maitiidssinnestrielen glydzje oer syn blauwe romperke. Grutsk lit Dorina har mantsje sjen. Op 10 oktober ferline jier kaam er op de wrâld, nei in swangerskip fan noch mar 29 wiken en 6 dagen. ‘Achterôf sjoen wie it in draak fan in befalling’, fertelt Dorina. ‘Begjin oktober rekke ik nei it sikehûs yn Grins. Ik hie lêst fan hurde bûken, ferlear hieltyd bloed en krige fierstente betiid weeën. Mar se koene yn it sikehûs net ûntdekke wêr’t dat troch kaam. Fan tefoaren hiene wy al ôfsprutsen dat Bouwe berne wurde soe mei in keizersnee. Mar it gong allegearre hiel oars as wy tocht hiene.’

Op de betide moarn fan 10 oktober kriget Dorina yn it sikehûs op ’e nij weeën en beslute de dokters om ta in keizersnee oer te gean. Sûnder freon Bauke, dy’t sa rap net út Rie nei Grins komme kin, befalt Dorina fan har soantsje. It wurdt yndied in keizersnee, mar maklik giet it net. Fan alle kanten wurdt der oan it lytse jonkje omlutsen om him mar út de bûk te krijen. Fuort nei de befalling moat Bouwe mei spoed nei de intensive care, dêr’t er yn de kûveuze lein wurdt. Dorina kriget net iens de tiid om him te besjen. ‘Dat wie echt it meast nuvere gefoel dat ik ea hân ha, datst krekt befallen bist mar dyn berntsje net iens sjen kinst. Sa ûnwerklik fielde dat op dat stuit.’

Dat fielt sa ûnwerklik, datst befallen bist mar dyn berntsje net iens sjen kinst

Minyminskje 
Greetje knikt as se it ferhaal fan Dorina heart. Har soantsje Hidde waard ek fuort nei de befalling nei de kûveuzeôfdieling brocht. ‘Moandei 3 novimber, op de alderearste dei fan myn ferlof, is Hidde berne’, fertelt se. ‘Ik hie der sa lang nei útsjoen om seis wiken lang de tiid te hawwen om hearlik ta rêst te kommen en my ta te rieden op de befalling, mar foar’t ik it wist wie er der al’, laket se. Hidde waard berne nei in swangerskip fan 34 wiken en ien dei. ‘It wie echt sa’n minyminskje doe’t se him by my op ’e bûk leine. Krekt efkes mochten myn man Andries en ik him besjen, doe waard er nei de kûveuzeôfdieling brocht. It momint dat se dyn poppe by dy wei helje, dat fielt sa tsjinnatuerlik.’

De rôze wolk
Nei syn berte moat Hidde hast trije wiken yn it sikehûs bliuwe. Bouwe sit yn in langer trajekt. Al mei al leit er seis wiken yn de kûveuze en noch twa wiken yn in widze yn it sikehûs. Tiid om op dy rôze – of yn dit gefal blauwe – wolk te sitten, ha beide froulju dan ek net. ‘Fansels hast wol echte geloksmominten, want bist bliid dat dyn bern sûn is’, jout Greetje ta. ‘Mar dat yntins gelokkige memmegefoel begjint eins pas wat te kommen no’t wy thús binne.’ Ek by Dorina is de rôze wolk fier te sykjen yn de earste wiken. ‘Us oare bern, Myrthe fan 9 en Jarno fan 7, fûnen it yn it begjin hielendal net sa leuk. Se mochten Bouwe sels net fêsthâlde, en hast al ús oandacht gong nei him. Dat kloppe hielendal net mei wat wy de bern fan tefoaren ferteld hiene. It soe just hiel gesellich by ús wurde as Bouwe der wie, hiene we beloofd. Dus dat makke it dûbeld sa lêstich.’

It wie echt sa’n minyminskje doe’t se him by my op ’e bûk leine

Yntusken dogge beide mantsjes it goed. Wol fernimt Dorina dat se ekstra foarsichtich mei Bouwe omgiet. ‘Ik kin him wol út hannen jaan oan famylje en freonen, mar ik wol him leaver sa ticht mooglik by my yn de buert hâlde. Myn freon Bauke fernimt dat by himsels ek. Wy steane der dochs oars yn omdat it begjin sa dreech wie.’ Greetje werkent dat gefoel. ‘Doe’t wy thúskamen, ha we earst de besite wat ôfholden. Wolst gewoan efkes mei syn trijen wêze. Mar no’t Hidde hieltyd grutter wurdt, binne wy dat foarsichtige wol wat kwyt. Hy groeit goed, dus dan giet dat kwetsbere der al gau ôf. It is no in poppe lykas alle oare poppen.’

Skuldgefoel
En dan bliuwt der fansels altyd de fraach: wêrom oerkomt my dit? Greetje knikt. ‘Ik ha mysels seker yn it begjin ôffrege oft ik wat ferkeard dien hie. Begjinst dochs oan dysels te twiveljen. Mar se ha yn it sikehûs ûndersocht wêr’t it oan lein hat en koene neat fine. Hidde fûn it dus simpelwei tiid om te kommen.’ Ek Dorina rint lange tiid mei fragen om. ‘Hie ik miskien rêstiger oan dwaan moatten? Ha ik net goed nei myn lichem lústere? Dat soarte fragen spûken my troch de holle. Mar no wit ik dat it sa wêze moatten hat. Dat kostet efkes ferwurkingstiid. En dat jildt foar ús hiele gesin. Mar ek Myrthe en Jarno ha it in plakje jaan kinnen. Lêsten seine se: “Mem, wy binne hiel ferliefd op Bouwe.”’

Ut: de lytse heit&mem 2015

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.