heit&mem

De babykeamer

Jelte, 6 wiken âld, út Heech treft it mar mei sa’n kreative mem. Hy hat nammentlik in prachtich orizjineel keammerke. Lykas syn âldere broers hat Jelte ek in keammerke mei in tema, en sines is: mûskes! Om’t mem Aletta Haarsma yn de swangerskip noch net wist wat it wurde soe, moast it keammerke foar in jonkje én in famke kinne.

Dieuwke van der Meer 14 oktober 2023

Aletta: ‘De basis is wyt mei griis, mei griene aksinten. Ik ha hast neat nij kocht. Ik fyn it nammentlik hiel leuk om fan âlde dingen wer wat nijs te meitsjen. Alles wat yn it keammerke stiet hat eins wol in ferhaal. Lykas de stoel op Jelte syn keammerke, dat wie in brún âld stoel mei suêde beklaaiïng, dêr’t noch hea as folling yn siet! Ik ha him doe ferve en opnij oerklaaid. Foar de finishing touch ha ik de poatsjes grien makke. Neffens myn soan liket it no krekt oft de stoel sokjes oan hat. De twa wolkfoarmige kessentsjes op de stoel ha ik sels betocht en ynelkoar naaid. De wolk boppe it bedsje is in lampe. Ik ha him sels tekene, útseage en ferve en myn man hat der in lampke achter makke. Werris wat oars!

Ik socht foar Jelte syn keammerke eins wyt mei griis behang, mar krekt dat koe ik fansels net fine. Doe ha ik gewoan twa behangsoarten kocht en dy om en om opplakt. Op it keammerke hinget ek in mobyl mei stjerren deroan. Ik hie soks in kear yn in boekje sjoen en tocht, soks kin ik sels ek wol meitsje. Ik ha doe wite placemats kocht, dêr stjerren op tekene en dy útknipt, se ferve yn de kleuren fan it keammerke en doe mei fisktried oan de mobyl hongen.Schermafbeelding 2015-11-12 om 16.15.37

It bedsje ha ik op Marktplaats kocht en de sprei hat ús mem foar my makke. Fansels steane dêr ek mûskes op! Ek op de krukjes stean mûskes. De krukjes, út de kringloopwinkel wei, wienen earst brún. Ik ha se doe wyt ferve en sels de mûskes derop tekene. De mûzesturtsjes rinne troch om de poatsjes fan it krukje hinne. Ek ha ik op de krukjes de griene kleur weromkomme litten. It sit ’m faak yn de lytse details. Lykas de griene strik dy’t ik naaid ha foar om de gerdinen. De mûskes sjochst ek op de skilderijkes weromkommen. Ik ha in pear fotolistkes kocht, dêr it glês úthelle, en de stof fan de strikken fan de gerdinen dêryn dien. De mûskes ha ’k sels naaid en opfolle mei rys en kessenfolling. Dêrnei ha ik se fêstsetten op de stof yn de skilderijkes. No liket it krekt as oft de mûskes út it skilderijke komme!

Ik ha hast neat nij kocht. Ik fyn it nammentlik hiel leuk om fan âlde dingen wer wat nijs te meitsjen.

It búkkastje komt ek by de kringloop wei. It kastje hat earder al ris wyt en sulver west en no ha ik it wer grien ferve mei in ekstra doffe ferve foar in moai resultaat. Ek de kommoade is in âlde kast dy’t ik sels opknapt ha. Dy hiele grutte knopen oan de muorre hat myn broer foar my seage en ynfreesd. Ik ha se doe noch moai rûn skuorre, sadat se echt op grutte knopen lykje soenen. Dêrnei ha ik se skildere, der grutte gatten yn boarre en in moai grof tou dertrochhinne dien. De knopen hawwe allegear krekt wat in oare kleur grien. De iene hat wat mear wyt en de oare wat mear griis. Myn man hat se foar my ophongen.’

Omdat Aletta sa faak om ynterieuradvys frege waard, hat se yn 2012 in oplieding ta ynterieurstyliste folge en is se har eigen bedriuwke begûn, ‘Moai-sa’. Se giet no by minsken del en freget nei harren winsken en ideeën. Se makket dan foto’s fan harren ynterieur en wurket thús in hiel plan út mei kleur- en meubeladvys. Aletta: ‘Ik fyn it hartstikke leuk om sa no en dan in opdracht te krijen. It fielt foar my ek net as wurk, mar mear as hobby. It is hiel moai wurk om te dwaan en goed te kombinearjen mei it mem-wêzen.’

Sjoch ek www.moai-sa.nl

Ut: De Lytse Heit & Mem 2015 nr. 2

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!