heit&mem

De befalling, hoe giet dat eins?

Sil it sear dwaan? Sil it wol goed gean? In soad froulju witte net krekt wat se by harren earste befalling ferwachtsje moatte. De ien sjocht der nei út om’t se har nocht hat fan de dikke ûnhandige búk en de oar fynt it mar spitich dat dy bysûndere perioade dan foarby is. De befalling is yn alle gefallen foar eltsenien in spannend barren.

Dieuwke van der Meer 9 juni 2015

Slymprop

Der binne ferskate oanwizings dy’t dúdlik meitsje dat it net lang mear duorje sil foardat de befalling begjint. Bygelyks it ferliezen fan de slymprop. De slymprop slút de skurtesluting ôf. De ien ferliest de slymprop fjirtjin dagen foar de befalling, de oar flak of ûnder de befalling en soms komt de prop hielendal net.

Weeën

Ast weeën krijst, kinst der hast wis fan wêze dat de befalling net lang mear op him wachtsje lit. Se sille hieltyd regelmjittiger komme en pynliker wêze. In echt wee duorret sa’n 60 sekonden. At de weeën om de 4 of 5 minuten komme, is it tiid om de ferloskundige te beljen.

Fruchtwetter

It fruchtwetter kin yn lytse bytsjes of yn ien kear nei bûten komme. Ast dyn fruchtwetter ferliest, moatte binnen 24 oeren de weeën begjinne. It fruchtwetter heart helder te wêzen, is it grien of brúneftich, dan hat de poppe yn it fruchtwetter poept. Belje dan gelyk dyn ferloskundige, om’t it berntsje de poep net yn de longen krije mei. Dyn fluezen kinne ek mei de befalling brekke. Meastal priket de ferloskundige de fluezen troch, at it te lang duorret.

It begjin

Yn de earste faze fan de befalling sil de skurtesluting (baarmoedermond) stadich iepenje. It is by eltse frou wer oars hoe hurd ast in folsleine ûntsluting hast. By de ien duorret it mar twa oeren en by de oar duorret it wol 24 oeren. De iepening by in folsleine ûntsluting is tsien sintimeter grut. De fluezen brekke oer it algemien oan de ein fan de ûntslutingsperioade. At de fluezen brutsen binne, kin de poppe út de liifmoer (baar-moeder) dreaun wurde…

De berte

Yn dizze faze, dy’t ien oant twa oeren duorje sil, sil dyn berntsje op de wrâld komme. Troch it oanlûken fan spieren, de weeën, sil de poppe stikje foar stikje nei bûten komme. It is meastal sa dat it holtsje fan de poppe as earste nei bûten komt. De poppe draait yn de búk om sa maklik mooglik derút te kommen. It lichem fan de poppe leit foar de befalling op de side, en de noas nei de rêch fan de mem ta. At it hast safier is, leit it holtsje fan de poppe op de bekkenboaiem. De wjerstân fan de bekkenboaiem soarget derfoar dat it holtsje fan de poppe yn de nekke drukt wurdt. No sil de plasse tusken de skamlippen sichtber wurde. Wannear’t de skouders ien foar ien nei bûten ta kommen binne, komt de rest fan it lichem der fansels achteroan.

De neiberte

At dyn poppe berne is, is de befalling noch net hielendal klear. Yn de lêste faze moat de plasinta der noch út komme. Dat duorret sa’n tweintich minuten. At it berntsje berne is, wurdt de liifmoer lytser. Trochdat it sa lyts wurdt, lit de plasinta los. Troch de noch hieltyd duorjende weeën komt de plasinta úteinlik los fan de liifmoerwand. Noch ien kear parse en dan komt de plasinta derút. De ferloskundige sil dy der wat by helpe troch op dyn búk te drukken. Trochdat de plasinta losskuort, silst wierskynlik wat lêst ha fan bloedferlies. Dy bliedings hâlde gewoan wer op, mar it wurdt wol altyd yn de gaten holden. De plasinta sil goed besjoen wurde. It is wichtich om te witten at er kompleet is en der goed útsjocht. Foar eventuele folgjende befallingen is dat wichtige ynformaasje. At de plasinta derút is, is de befalling klear en kinne jim genietsje fan jimme lytse poppe.

 

Boekentip: Veilig bevallen

Hoe gong dyn befalling?

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!