heit&mem

Sinteklaaskado boekentop 10

Der binne safolle moaie boeken te krijen datst troch de beammen it bosk net mear sjochst.
Berneboeken binne fansels hartstikke leuk, dat wy helpe Sinteklaas in hantsje troch de 10 moaiste berneboeken  op in rychje te setten!

Sietske Zwart 21 november 2017

 

1) Jip en Janneke yn it Frysk
Alle aventoeren fan diel 1 oant en mei 5 fan de ultime beukerfreontsjes Jip en Janneke binne byinoar brocht yn dit boek.

Priis: € 26,50
Hjir te bestellen

2) Stip syn moaiste ferhalen
Seis fan de moaiste Stip-ferhaaltsjes skreaun troch
Eric Hill.

Priis: € 14,95
Hjir te bestellen

 

 

3) Kom út dy kraan
Bekroand mei de sulveren griffel. Skreaun troch Tjibbe Veldkamp.

Priis: € 13,95
Hjir te bestellen

 

 

4) Tomkes foarlêsfeest
In prachtich foarlêsboek mei aventoeren fan Tomke en syn freonen.

Priis: € 12,95
Hjir te bestellen

 

5) Tije
In boek foar bern fan 6 – 9 jier oer in plakje fine yn in nije omjouwing.
Mei prachtige yllustraasjes fan de skriuwster sels.

Priis: € 14,95
Hjir te bestellen

 

6) De Gruffalo
Mûs giet op stap yn it donkere bosk en komt in foks, in ûle, in slang en in gruffalo tsjin. Dy ha allegear wol sin oan in hapke mûs. Hoe sil er him dêr útrêde?

Priis: € 13,95
Hjir te bestellen

 

7) Wy geane hjoed op bearejacht
In oersetting fan dit hast klassyk te neamen printeboek, dêr’t heit, mei syn fjouwer bern, allerhanne swierrichheden as blabze, wetter, in sniestoarm en in tsjustere bosk oerwint op jacht nei de bear. 

Priis: € 12,95
Hjir te bestellen

 

8) Ik tel oant 100
In kleurryk telboek:  ien folle moanne, twa lytse hûntsjes, trije reade bussen… oant 100 telle is in feest mei dit prachtige boek. Undertusken komst ek noch allegearre ferskillende kleuren, bisten en foarmen tsjin.

Priis: € 12,95
Hjir te bestellen

 

9) Skelte wol in skelter
Printeboek fan Joke Scheffer en Anna Sikkes. In humoristysk printeboek mei in werkenber tema en rike yllustraasjes

Priis: € 13,50
Hjir te bestellen

 

10) De GFR
Yn in firtuoaze oersetting fan Martsje de Jong en mei prachtige kleureyllustraasjes fan Hilda Groenesteyn komt de fantastyske dreamwrâld fan de GFR no einlings ek yn it Frysk ta ús. 

Priis: € 17,50
Hjir te bestellen

 

 

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!