heit&mem

Reizgje mei in poppe: in wier aventoer

Nei in wrâldreis fan njoggen moanne yn it tiidrek sûnder bern tochten myn man en ik dat in fakânsje mei ús poppe in makje wêze soe. Wy wienen ommers echte globetrotters dy’t lang út in rêchsek libbe hienen. Hoe spannend koe it wêze, op paad mei in lytse poppe?  

Femke Jaarsma 8 februari 2019

Kampearje mei Lena
Doe’t ús Lena fjouwer moanne âld wie, gongen wy foar it earst op fakânsje. In wike yn in fakânsjewenning op it Amelân en hiel maklik mei de auto op ’e boat. Alles, mar dan ek alles wat ek mar in bytsje handich wêze koe foar de poppe, gie mei. It paste allegearre krekt yn ’e auto. En hiene wy achterôf alles nedich? De tummytub is brûkt. Ien kear. Twadde fakânsjetrip: in lang wykein nei it Oerolfestival op Skylge. Dizze kear mei de fyts op ’e boat. ‘Bepakt en bezakt’ fytse wy mei ús poppe yn it bernesitsje, in grutte backpack op ’e rêch, in ynklapber bernestuoltsje en in buggy nei ús steancaravan yn Hoarn. Hiel stoer, fûnen wy, en bêst goed te dwaan. As Lena 16 moanne is, sille we in moanne mei in camper troch Italië toere. De laadromte goaie wy dochs wer hielendal fol, wy hawwe de romte ommers. En wer brûke wy de helte fan ’e spullen net. Want wêrom silst in babybadsje meinimme wannear’t de measte campings ynrjochte binne op lytse bern?

Konklúzje 1: nimst al gau tefolle mei.
Konklúzje 2: rêdst dysels faak prima mei wat basisdingen.
Konklúzje 3: wurdst hiel fernimstich as it moat.

Mei de poppe yn it fleantúch
Freondinne Linda gie mei Norah fan tsien moanne nei Mallorca. Allinnich. Mei it fleantúch. ‘Van tevoren dacht ik dat het allemaal wel mee zou vallen. Een weekendje Vlieland geeft immers ook wel gedoe.’ Dochs rûn se tsjin in oantal dingen oan. ‘Ik had een vrij grote buggy mee en die moest dus ingecheckt worden. Daar liep ik met m’n handbagage en een baby op de arm naar de andere kant van het vliegveld.’ Se kaam der ek achter dat it handich is asto basisdingen lykas in fleske drinken by de hân hast. ‘Ik wilde mijn dochter drinken geven bij het opstijgen, zodat ze moest slikken en minder last had van haar oortjes. Helaas was mijn handbagage al opgeborgen.’

Freondinne Wendy reizget hiel wat ôf mei it fleantúch, omdat har famylje ferspraat oer Europa wennet. ‘Onze zoon van twee heeft al acht keer gevlogen. De laatste keer was ik alleen met hem, terwijl ik 25 weken zwanger was.’ Se fûn it wol wat krap op ien stoel. ‘Maar we hebben het overleefd. Mede dankzij het dutje dat mijn zoon de heenweg deed en de iPad op de terugweg.’ Wendy fertelt dat har soan wol wat lêst hie fan de druk op syn earen, ‘maar hij genoot vooral van het uitzicht en van de mensen om hem heen.’ Se beseft dat se it treft want net elk bern is sa rilekst ûnder in flecht. ‘Maar je moet er zelf ook tegen kunnen. Zo produceerde meneer een poepluier in de rij voor het boarden. Ik had geen tijd meer om met hem naar het toilet te gaan. Ik heb me verontschuldigd en hem in de rij in zijn buggy verschoond.’ Hja krige allinne mar begrypfolle blikken. Wendys tip: stay cool and enjoy the trip.

Ferskjinje op ’e stoepe
Wy hawwe noch net mei it fleantúch op paad west mei Lena. Dat is ús folgjende aventoer. Mar de ferhalen fan myn freondinnen binne wol werkenber. Hoe faak haw ik myn dochter net ferskjinne achter yn ’e auto, bus of trein? Yn Italië sels midden op ’e stoepe! En wat wiene wy bliid dat de laptop mei Dora the Explorer, Thomas de Trein en Dribbel mei wie, doe’t it by de Gardamar allinne mar reinde. Wy hawwe alfêst mar in iPad kocht…

Linda giet mei har dochter fan no hast 2 jier wer allinnich op fakânsje. Ditkear nei Kaapverdië. ‘Daar kom ik voor heel andere uitdagingen te staan. Vorig jaar kwam Norah niet van de handdoek af, maar nu kan ze lopen.’ Eartiids fûn Linda túchjes altyd wat begrutlik, mar se nimt no dochs mar ien mei. Nettsjinsteande dat se it wol wer in bytsje spannend fynt, sjocht se enoarm út nei de fammefakânsje. ‘Het is best een beetje bewerkelijk alleen op vakantie met een kleine, maar ontzettend de moeite waard!’

Wurdst hiel kreatyf troch te reizgjen mei in lytse poppe

Einkonklúzje
Myn einkonklúzje is: wurdst hiel kreatyf troch te reizgjen mei in lytse poppe. Soms om’t it net oars kin en soms om’t it in leuke útdaging is. En it is hiel handich om in oantal basisdingen mei te nimmen. Dochs wat ferjitten? Stewardessen binne hiel ynventyf. Ferskjinje kin oeral. Mar ferjit yn gjin gefal: ruften, ‘koesdoek’, it sobberke en… fochtige doekjes. Multybrûkber!

Altyd mei:

  • ruften
  • fochtige doekjes
  • flesse (en fieding)
  • sobberke
  • knuffel / ‘koesdoekje’
  • fruit / snacks
  • bytsje boartersguod

Ekstra foar langere trips: 

  • bernewein / buggy
  • slieptinte foar de poppe
  • ynklapbere bernestoel

Reaksjes Facebook
Marijke Krijgsman: Om’t heit Amerikaansk is, ha wy al ferskate kearen yn Amearika west mei de bern. De âldste wie de earste kear 7 moanne en de jongste wie 3 moanne.

Harmina Stienstra: Wy ha foarich jier mei ús bern (doe 6 moanne en 3 jier) nei in camping yn Súd-Frankryk west. Dat gong hiel goed. Wy ha ek in oantal kearen mei it fleantúch west.

Marijke Hensler-Ypma: Wy gean mei ús famke (hast 2 jier) nei Amearika. Myn man komt út Phoenix en syn famylje wennet dêr noch. Foarich jier ha we dêr ek west. De reis gie doe hiel goed. Wy nimme seker mei foar yn it fleantúch: boekjes en iPad.

Ut: De Lytse Heit & Mem nr.1 2014
Troch: Femke Jaarsma

Boekentip: Grote reizen met kleine kinderen

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.