heit&mem

In tip en trúk oer de krúk

In krúk moat je altyd folje mei siedend wetter en dus net mei hyt wetter út de kraan! Dit is hiel wichtich! Siedend wetter soarget der nammentlik foar dat it rubber yn de dop fakuüm sûge kin en dus net lekt. Somtiden kin it rubber yn de dop stikken wêze of skuorren hawwe. Dan moatte je de dop of it rubber ferfange oars kin de krúk lekken gean. Je kinne yn spesjale poppesaken nije doppen/rubbers krije. Kontrolearje, foardat de poppe der is, at de doppen en rubbers noch goed binne.

Dieuwke van der Meer 4 november 2015

Je folje de krúk op de folgende manier:

Earst in lyts kopke kâld wetter ûnder yn de krúk dwaan (dit foarkomt it krom lûken ûnder op de krúk) en dan kokjend hyt wetter derop ta dat it in bytsje oerstreamt. Dan de dop derop draaie en kontrolearje at de krúk net lekt!! (op in ôfdroegersdoek oer it oanrjocht rôlje) Dan in krúkensek ter beskerming der om hinne dwaan.

As je de krúk by de poppe yn de widze del lizze soarchje der dan foar dat der altyd noch wat tusken de krúk en de poppe leit, byfoarbyld een oprôle hydrofyl ruft, sadat de poppe him net (fer)baarnt oan de krúk. En lis altyd de krúk mei de dop nei ûnderen ta yn de widze of ledikant.

 

Kreamfersoarchster Alnita Miedema skriuwt handige tips foar de kreamtiid foar HeitenMem.nl. Hast in fraach foar Alnita? Reagearje dan op dit artikel.

 

Een modern alternatief is de KipKep Woller – Warmtekussen gevuld met vlaszaad. In verschillende kleurtjes verkrijgbaar.

9200000022838989

 

9200000023238863_2(1)

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.