heit&mem

Baby heart mei de tonge

Ynteressant, hearre mei de tonge.
Beperk it brûken fan in sobber, asto mei dyn poppe praatst of sjongst, want lytskes hearre ek mei de tonge.

Ciska Noordmans 27 oktober 2015

 
In lytse poppe is in superimitearder. Kinst dit stimulearje troch de lytse poppe op skoat del te lizzen of sitte te litten en gelûdsjes te meitsjen. Jim lytse poppe sil syn bêst dwaan om dyn gelûd ek te meitsjen. Der binne in protte ferskes foar op skoat dy’t sa de motoryk fan de mûle oant wurk sette.

In baby kin net fertelle wat sy heart of begrypt. Mar ûndersikers hawwe no út fûn dat lyte poppen klanken better ûnderskiede kinne as se de tonge goed bewege kinne. Undersikers fan de University of Britisch Columbia binne de earsten dy’t in direkt ferbân seagen tusken mûlebewegings en it lûd. De tonge spilet in belangrike rol by de ûntwikkeling fan it gehoar. Ynteressant dochs? Hjir kinst mear lêze en in filmke sjen.

 

foto: JGZ

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!