heit&mem

De befalling fan Tineke

Yn de lêste heit&mem stiet Tineke noch mei har prachtige dikke búk. Yntusken is se op 23 septimber 2015 mem wurden fan dochter Iris. Se wie doe 40 wiken en 3 dagen yn ferwachting.

Sietske Zwart 28 oktober 2015

Tineke16

DSC_0130

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Wêr bist befallen?
Ik soe thús befalle, mar ha sels besletten om nei it sikehûs te gean tidens de befalling.

Hoe gong de befalling?
Ik waard moarns om 9 oere wekker mei in bytsje kramp yn ‘e bûk. Mar dat koe noch wol oergean. Om 15.00 oere ha ik myn man belle dat hy thús komme moatst, doe begûn it echt. Ik hie spuit en de weeën kamen regelmjittich om de trije minuten en duorren ek al in minút. Dêr skrok ik sels ek wat fan, dat it al sa fluch gie. Om 18.00 oere kaam foar it earst de ferloskundige. Doe hie noch mar 2 sintimeter ûntsluting. Om 20.00 oere kaam se wer, doe 4 sintimeter ûntsluting. Ik fûn de weeën doe al hiel heftich en pynlik. Doe wie it nei ferrin fan tiid de fraach oft wy thús de fluezen brekke soenen of yn it sikehûs. Wy ha besletten mei de ferloskundige om nei it sikehûs te gean, omdat ik doe dochs tocht oan pinebestriding, seker at pine mear wurde soe nei it brekken fan de fluezen. Dat doarde ik thús net mear oan.

Yn it sikehûs die bliken dat de autorit goed dien hie. Doe hie ik ynienen al 8 sintimeter ûntsluting! Yn de auto hie ik ek wee op wee, dat fûn ik hiel heftich. Ik ha myn man syn earm de hiele rit stevich beethâlden, hy koe noch mar krekt skeakelje.

Ik koe gjin pinebestriding mear krije, omdat ik hast parse mocht. De ferloskundige hat de fluezen brutsen, it fruchtwetter wie hartstikke brún. Iris hie flink poept yn it fruchtwetter. Dus doe wienen we hielendal bliid dat we yn it sikehûs wienen. Letter die bliken dat Iris lokkich neat fan it smoarge fruchtwetter binnen krigen hie.

Ik bin mem… dat moat efkes wenne ast it sa seist. Mar it gefoel is geweldich!

Om 23.28 oere is Iris berne. Al mei al in flotte befalling fan 8,5 oere. Nei alle kontrôles mochten we wer nei hûs… trije oere, midden yn de nacht. Ik mocht wol bliuwe, mar dan moatst ik mei Iris by in oar op de keamer lizze en myn man koe dan ek net bliuwe. Dêr hie ik gjin nocht oan. De kreamfersoarchster kaam trije oere nachts by ús thús. At dat net kinnen hie, wie ik wol yn it sikehûs bleaun. Wy koenen moai yn ús eigen bêd sliepe mei Iris derneist yn ‘e widze, prachtich!

Hoe fielst dy no?
Goed! Direkt nei de befalling fielde ik my fuortendaliks al hiel goed. Ik hie ek gjin lest fan neiweeën. Moat wol rêstich oan dwaan fansels. Fannewike wat in te lange kuier makke, dat fiel ik dan noch wol oan myn bekken. Ek fiel ik my wol wurch sa no en dan. De nachten binne fansels ek net sa lang, omdat ik Iris fiede moat.

Iris_1week

Hoe fielt it om mem te wezen?
Moai en ek wol in bytsje frjemd. Ik bin mem… dat moat efkes wenne ast it sa seist. Mar it gefoel is geweldich!

Hoe is de Iris?
Iris is in prachtige meid! Se is net folle gewicht ferlern, nei in wike siet se al wer op har bertegewicht. Se hat grutte eagen, is hiel helder en glimket soms sa moai, dêr genietsje wy fan.

Op wa liket de baby?
Yn it begjin koe net ien dat sizze, mar hear no hieltyd faker fan de besite dat se op my begjint te lykjen. Doe’t ik mei myn dikke búk foar it tydskrift Heit & Mem posearre frege ik my ôf of ús famke ek read hier ha soe lykas my. En ja hear… se hat in bytsje rossich hier, dat fyn ik prachtich!

Hoe gong it mei de kreamhelp?
De kreamhelp wie fantastysk. Wat ha wy in fijne kreamwike hân! Ik hoechde neat te sizzen, it húshâlden rûn as in trein en ek de soarch foar Iris, myn man en my wie hiel goed. Hiel belutsen. Ik ha har seker mist de earste pear dagen nei de kreamwike.

Hoe giet it mei de boarstfieding?
Boppe ferwachting! Nei de befalling ha ik Iris yn it sikehûs wol probearre om oan te lizzen, mar dat slagge net hielendal. De kreamfersoarchster hie ‘tepelhoedjes’ mei. Doe slagge it wol! Yn it begjin moatst ik wol trije kear deis skjinne klean oanlûke, omdat der safolle fieding kaam. Dat koe Iris net byhâlde! De produksje is ynmiddels wat better ôfstimt op Iris har behoefte. Moai hoe’t de natoer dat regelje kin.

DSC_0127Wêrom ha jim dizze namme útsocht?
Iris ha ik altyd al in moaie namme fûn. Lokkich fûn myn man dat ek. Wy ha der net lang oer neitocht. Se is net ferneamd, dêr ha wy net safolle mei.

Hoe giet it mei it ritme?
Wy meie net kleie. Iris wol graach om de trije oeren fieding ha, dei en nacht. Dêr kinne wy de klok faaks op lyk sette. Tuskentroch kin se hearlik sliepe, mar se is soms ek wol wat ûnrêstich. Dan sit de fieding soms dwers of wol se gewoan efkes oandacht. Ik woe net te gau oan de fopspeen begjinne, leafst hielendal net, mar dat hat wol mear rêst jûn! Se is der sels ek net echt in leafhawwer fan. Nei fiif minuten sobjen flybert se de fopspeen faak alwer út.

It bertekaartsje ha ik sels ûntworpen en skildere. Ik bin grafysk foarmjouwer en ha myn eigen bedriuw Studio Tink. In knyntsje fûnen wy wol skattich. De knyntsjes komme ek werom yn de bernekeamer.

 

DSC_0111

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!