heit&mem

Voorlezen beïnvloedt het kleuterbrein

Dat voorlezen goed is voor je kind, dat weten we allang. Maar nu hebben Amerikaanse onderzoekers ook vastgesteld wat er gebeurt in de hersenen van kleuters als zij worden voorgelezen.

Idske Bangma 15 oktober 2015

De taalgebieden in de hersenen van een kleuter zijn dan heel actief. Negentien kinderen van 3 tot 5 jaar kregen in een hersenscanner via een koptelefoon een verhaaltje te horen. Het deel in de hersenen waar je leert praten en lezen, bleek tijdens het luisteren heel actief te zijn.  De Amerikaanse kinderarts John Hutton, die meewerkte aan het onderzoek, is heel enthousiast over de resultaten. Want het is nu voor het eerst bewezen dat voorlezen een belangrijk, meetbaar effect heeft op de manier hoe het kleuterbrein verhalen verwerkt.
Voorlezen helpt bij het leren (zelfstandig) lezen. De onderzoekers hopen dat hun werk bijdraagt aan het herkennen en helpen van kinderen met een leesachterstand.
Bronnen: www.nu.nl en www.boekstart.nl
 

DeGruffaloDaphne Kiewiet (juf groep 1,2,3, OBS Op ’e Dobbe, Hallum):

‘Ik fyn it belangryk, en hiel leuk, om printeboeken foar te lêzen oan de groep. By it kiezen fan in printeboek is it mar krekt wat doel at ik foar eagen ha. It boek moat oanslute by in tema. Bygelyks by it tema “piraten” haw ik it boek “Wylde Wytse” (yn it Nederlânsk “Woeste Willem”) brûkt. De bern en juffen feroaren yn echte piraten! Of it hat in sosjaal-emosjoneel doel.  By in petear oer “gefoelens” brûk ik bygelyks it boek “De Gruffalo” of it “Tomke jierboek”. Ik genietsje fan de spontaniteit fan de beukers by it foarlêzen en yn de petearen oer it boek.  
De moaiste printeboeken fyn ik dy wêrby’t de tekeningen yn it boek romte jouwe foar ynteraksje. In tekening dy’t in reaksje fan de bern útlokt, dat is prachtich moai!  It boek “Timen op ’e tegels” is dêr in goed foarbyld fan. Fierder fyn ik humor ek wol belangryk, want troch wurdgrapkes of in ferrassende ôfrin bliuw ik sels it foarlêzen ek leuk finen!’

 

Jannie Spijkerman (juf groep 1, OBS ’t Swannestee, Langwar):

‘Foarlêze oan jonge bern is prachtich, de reaksjes fan de bern as se hielendal yn ’t ferhaal sitte, dêr genietsje ik o sa fan! As ik ferhalen foarlês of fertel past dat faak by it tema. Of we sette in printeboek sintraal en meitsje dêr in tema fan.
Ik kies boeken dy’t ticht by de belibbingswrâld fan it bern steane, printeboeken mei moaie platen en soms ek boeken yn trije talen: Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. Want wy hawwe op skoalle ek trijetalige middeis.
Boeken lykas “Wy geane hjoed op bearejacht”, of dy oer Monkie, prikkelje bern om ek sels te fertellen. Bern kinne elkoar of in folwoeksene ek foarlêze. Yn ’e klasse dogge we regelmjittich in “lêskring”; bern meie dan in boek út de boekehoeke kieze en “foarlêze” oan de oare bern. Moai om te sjen dat der bern binne dy’t hiel detailleard fertelle kinne oer de platen en samar nije wurden brûke!
Ik tink dat (ynteraktyf) foarlêzen hiel goed is foar beukers, as tarieding op it sels lêzen learen en it begrypjend lêzen. Foarlêzen goed foar it beukerbrein? Dat wist ik eins al lang.’

Ut: heit&mem nr. 2 2015

Boekentip: Voorlezen gaat zo 

(tips en ervaringen uit de praktijk van peuterspeelzalen, kinderdagverblijven, gastoudergezinnen en buitenschoolse opvang)

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.