heit&mem

As de petearen op skoalle krekt sa gean as thús, leare bern folle mear!

 ‘As de petearen  op skoalle krekt sa gean as thús, leare bern folle mear!’, seit Albert Walsweer.
Gean mar nei, hoe giet dat by jim thús, as der bygelyks ien mei de kollektebus fan de hertstichting oan de doar stiet?

Ciska Noordmans 28 september 2023

Leare mei syn allen

Wat soene jim bern dy freegje?  Krekt! Der komme fragen as, ‘Wat docht dy frou?’,  ‘Dat is dochs de mem fan.. ?’, ‘Wêrom jout mem har jild?’, ‘Wat docht sy dermei?’,  ‘Moat ien mei in kapot hert it jild ha?’ Bern begjinne te freegjen, se knope ynformaasje oanelkoar fêst, begjinne nei te tinken, te redenearjen, arguminten te betinken en miskyn komme se op it idee dat se sels ek wat dwaan of bijdrage wolle.

It gesprek is spontaan. Thús sille broerkes en suskes op inoar ynheakje en rôlje antwurden en nije fragen oer inoar hinne. Op skoalle soe dat ek sa wêze moatte; bern yn de klasse, dy’t har frij fiele in bydrage te leverjen mei juf as master as gesprekslieder.

 Sa garje bern mei syn allen kennis en krije se grip op de wrâld. As soks ek op skoalle bart, sil dat dikke winst opleverje. En net allinne kennis fan it ûnderwerp mar bern sammelje sa ek mear wurden om dingen te fertellen, of dat no yn it Nederlansk is of yn it Frysk.

De rol fan taal

Albert Walsweer hat praten mei ûnderwizers, direkteuren, bern op basisskoallen en hat ek fideo’s makke fan ferskillende lessen. It die bliken dat de rol fan de learkrêft in grut stempel drukt op petearen mei bern. Yn bygelyks kringpetearen binne de juffen en masters in protte oant wurd om dingen te fertellen en út te lizzen. Ut en troch wurde der fragen steld dêr’t bern mar ien goed antwurd op jaan kinne. It docht in grut berop op de kennis fan bern; Wat witte se al fan de wrâld?

Albert Walsweer is krekt promovearre op in ûndersyk dat de titel ‘Ruimte voor leren’ mei krych.
It doel wie ynsjoch te krijen op de wize hoe’t learlingen en ûnderwizers kennis sammelje yn petearen  en hoe’t dat oars kin. En net hielendal tafallich is Albert Walsweer ek  sljocht op Frysk! Dêrom hat hy ferskillende skoallen yn Fryslân frege om mei te dwaan oan syn ûndersyk en sjoen nei it effekt fan taal!

Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.