heit&mem

WIN! De bisteboel fan Omke Roel

WIN! De bisteboel fan Omke Roel

En de winner fan it boek ‘De bisteboel fan Omke Roel’ is….. Jessica Batteram!! Lokwinske Jessica! It boek komt gau nei jim ta!
Wolsto dit boek ek graach ha? It boek is hjir online te bestellen.

Dieuwke van der Meer 28 september 2015

de bistenboelWolsto dit boek winne? Lit hjir op dizze webside yn in reaksje ús witte watsto it moaiste Fryske bisteferske fynst. Ut alle ynstjoerders wurdt freed de winner ferlotte. 

De bisteboel fan Omke Roel

Kinne jim se noch? ‘In knyn, minemyn’ en Kees Kikkert, Hintsje Kokkelintsje en Bijke, Bijke, Bijke. Yn it ferline stienen al dizze ferskes noch op in plaat. Yn 2011 binne de ferskes opnij ynsongen en op cd set. Yn ien wurd: geweldich! Yn it boek sels steane alle ferskes nochris útskreaun en ek steane der ferhalen yn. In echte oanrieder! It boek hat in wearde fan € 17,50.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.