heit&mem

Cd’s met Friese kinderliedjes

Der binne safolle protte moaie cd’s mei Fryske berneferskes!
Wy ha de leuksten foar jim op in rychje set.
Klik op de cd’s foar mear ynformaasje!

Sietske Zwart 21 september 2017

Welke cd fine jim it leukst?

 krobbekoer

Krobbekoer 

25 ferskes foar pjutten, ûnderferdield yn fiif haadtema’s,
dy’t oanslute by har wrâld. De ferskes steane mei koar en
mei allinne de muzyk op cd. Frysk, 25 ferskes, cd mei tekstboekje.

Tomke-16 ferskes

Tomke CD – 16 ferskes

Fleurige ferskes fan de Tomke foarstellings Hiperdepyp Hoera – Dit bisto en dat bin ik – Tomke siket in pake

 retteketet2

Retteketet tsjyng boem, diel 2 

Berneferskes fan Hindrik van der Meer, diel 2:
35 berneferskes mei û.o.: Retteketet tsjyng boem,
Waarman Pyt, Skûtsjeskipper, Piter Patat en noch
folle mear…

deuntsje

Deuntsjes foar dy, diel 1

Berneferskes fan Geartsje Douma en Hindrik van
der Meer, diel 1: 54 berneferskes, mei û.o. De Fanfare
Gimmestyk, Bernebuorkerij, De spin, Fruit-itersferske
en noch folle mear…

 deuntsje2

Deuntsjes foar dy, diel 2

Berneferskes fan Geartsje Douma en Hindrik van der Meer:
54 berneferskes mei û.o.: Jierdeiferske, Memmedei/Heitedei,
Sinteklaas en Swarte Pyt, Nei de kapper, Nei skoalle, Goed yn
it ferkear en noch folle mear… 

de bistenboel

De bisteboel fan Omke Roel

De bisteboel fan Omke Roel is in muzikaal printeboek mei
23 ferskes en ferhaaltsjes. Om foar te lêzen of om sels te
lêzen. Mei in cd, mei dêrop ferskes oer alle bisten dy’t op
de pleats fan Omke Roel wenje.

bernemeditaasje

Hjir & no – Frysktalige bernemeditaasjes

Hjir&no wol bern mei dizze útjefte fia harren eigen taal yn
kontakt bringe mei berneyoga en meditaasje. It boek op
CD-formaat is yn full-colour, hat 24 siden en in hurde kaft.
De CD is efter yn it boekje klikt. It boek en de CD befetsje
trije meditaasjes mei de titels “It avontoer fan de see”,
“Ik bin Ik!” en “Sa frij as in fûgel”.

ferskes

Ferskes oer de Fryske skiednis

Ferskes oer de Fryske skiednis. Mei rock, rap en balads
nimme Janneke Brakels, Sytse Broersma en oaren elkenien
mei nei it ferline fan Fryslân. In cd mei 10 ferskes en 5
karoake-ferskes.

 

Op syk nei in cd mei Nederlânske ferskes? Sjoch hjir!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.