heit&mem

Tsientûzen kear TÛZEN WURDEN

Wa hat ’m net yn de kast lizzen: Tûzen wurden. Ít Fryske berneboek ûnder de berneboeken; in echte klassiker. 
Tûzenen bern, alders, pakes en beppes, mar ek net-Friezen hawwe harren troch de jierren hinne fermakke mei dit boek.

Dieuwke van der Meer 16 september 2015

tuzenwurdenIt boek is op ferskate wizen te brûken. Foar de lytskes is it in prachtich oanwiisboek. 
Hokker wurden kenne se al? En wêr is it giele eintsje dat him op elke plaat ferstoppe hat?
Aldere bern kinne besykje de wurden te lêzen en sa harren wurdskat fergrutsje.
Dêrneist is it boek poergeskikt foar folwoeksenen dy’t it Frysk leare wolle.

De Afûk hat krekt it boek foar de 7e kear printsje litten en dêrmei giet dit jier ek it 10.000ste eksimplaar oer de toanbank!

Wat foar dy of dyn bern? 
Mei dit prachtige printeboek kinst oerenlang wille hawwe.
Bestel it boek hjir foar € 14,95!

 

It boek is ek te krijen yn it Nederlânsk en yn it Ingelsk.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.