heit&mem

Ynbakerje; soe it helpe?

Sliepeleaze nachten hearre derby. Dat witte âlders foar’t se oan bern begjinne. Mar wat moatst dwaan as dyn poppe altyd gûlt, hiel ûnrêstich is en net sliepe wol?

Klasina van der Werf 30 december 2017

De ferpleechkundigen fan it konsultaasjeburo yn Dokkum binne grut foarstanner fan it ynbakerjen fan lytse poppen. De froulju wurkje al fyftjin jier mei dy metoade. ‘Yn de tiid dat wy dermei begûnen wie it asylsikerssintrum noch yn Dokkum. Dêr hiest te meitsjen mei ferskate kultueren dêr’t it hiel gewoan is om de poppen yn te bakerjen. Eins is it ek hiel logysk. Troch it ynbakerjen fielt it foar de poppe wer wat lykas by mem yn de búk. Dat jout in gefoel fan feiligens’, seit Renny van der Meulen fan it konsultaasjeburo yn Dokkum. ‘De measte poppen binne de earste fjouwer moanne ûnrêstich om’t it mage-darmkanaal noch net ryp is. Dêr komt by dat guon poppen hiel prikkelgefoelich binne. En se kinne noch net bewuste bewegingen meitsje. Dêrtroch maaie se mei hantsjes en fuotsjes en wurde se ûnrêstich. Ynbakerjen is net de oplossing, mar in goed helpmiddel.’

Regelmaat

Neist ynbakerjen is ek regelmaat hiel belangryk foar de poppe. Neffens Renny van der Meulen duorret it in pear dagen foar’t âlders ferskil sjogge nei it ynbakerjen. ‘Se moatte dus geduld hawwe, mar foaral ek fertrouwen. Guon âlders sizze fuortendaliks dat it neat wurdt. Dan kinst wol ophâlde. Foaral heiten fine it skande dat harren poppe sa strak ynpakt wurdt. Dat liket earst ek frjemd. Mar asto in bern treaste wolst, hâldst it ek lekker stiif tsjin dy oan.’

Alders moatte net frjemd opsjen as it nei in pear dagen wer wat minder giet. De poppen binne dan goed útrêsten en fersette har. Dan is it wichtich om dochs troch te setten. ‘It is ús taak om âlders te motivearjen en harren derfan te oertsjûgjen dat ynbakerjen de poppe in gefoel fan burgen-wêzen jout. Troch it ynbakerjen krije âlders meastentiids in tefreden poppe en dat wol dochs elkenien?’

Twaling Anna en Rinse de beer.  ©Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf

Twaling Anna en Rinse de beer. ©Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf

Ynbakerdoek

Ynbakerjen mei neffens ferpleechkundige Jelma Holwerda net altyd. ‘Wy kontrolearje earst oft der ek in lichaamlike oarsaak is. Foar âlders is it faak al in hiele gerêststelling as dat net it gefal is. Ynbakerjen bart tsjintwurdich mei in kant-en-kleare doek; rôversguod op Marktplaats. Sa’n doek is spesjaal makke foar it ynbakerjen en troch it klittebân maklik yn gebrûk. Té strak ynpakke is net goed’, warskôget Jelma. ‘Lytse poppen moatte de waarmte wol goed kwyt kinne. Dêrom riede wy ynbakerjen by koarts en nei in yninting ôf.’

Ôfbouwe

Fierder moatte âlders goed yn ’e gaten hâlde dat it berntsje net sels omrôlje kin. As se dat dogge, wurdt it tiid om ôf te bouwen, oars is it ynbakerjen te gefaarlik.

Esther en Meindert Dijkstra út Dokkum binne al begûn mei it ôfbouwen en tinke no: wiene wy der mar nea oan begûn.Harren soan Mika (seis moanne âld) hat refluks en is hiel ûnrêstich. Esther: ‘Door het inbakeren werd hij wel iets rustiger, maar nu we proberen af te bouwen begint hij bij het in slaap vallen weer meer te huilen. Hij was helemaal gewend om vast te zitten. Nu heeft hij zijn handen weer vrij en haalt hij zijn speen steeds uit zijn mond. Daardoor is hij wel tien keer per nacht wakker. Op een gegeven moment weet je niet meer wat je moet doen. Volgens de kinderarts heeft Mika te veel lucht in zijn darmpjes. ’s Nachts heeft hij daar het meest last van. Gelukkig krijgen we af en toe hulp van mijn moeder, anders is dit niet vol te houden.’

Utkomst

Foar Oetsen en Durkje de Beer fan Burdaard is it ynbakerjen in útkomst. Sy binne sûnt trije en in heale moanne heit en mem fan in twilling, Anna en Rinse. ‘It is drok, twa lytse poppen, mar wy witte net better’, seit Durkje. ‘Fan it begjin ôf wie dúdlik dat Rinse in ûnrêstige poppe wie. Hy wie oerstjoer, gûlde lûd, waard wurch, woe net drinke en net sliepe. Dan komst yn in negative spiraal.’

‘Renny fan it konsultaasjeburo frege hoe’t wy tsjinoer ynbakerjen stiene. Ik hie dêr wolris wat fan heard en tocht: as it helpt, dan graach. En it holp drekt. Rinse sliepte sels better as Anna. Dus tochten wy, dan moatte wy Anna ek mar ynbakerje. It like earst wol wat begrutlik, se sieten sa strak ynpakt en dat lytse kopke stuts der krekt boppe-út. “Us rupskes”, seinen wy tsjininoar. It gie sa goed dat wy nei in skoftke tochten, wy kinne it ynbakerjen wol wer ôfbouwe. Mar doe waarden se nachts wer folle faker wekker as earst. Myn man sei: “We bakerje se wer yn”, want wy krigen allegearre fierstente min sliep. Dy nachts wie it foar it earst dat se in hiele nacht trochsliepten. En wy dus ek. Wy skrokken moarns wekker. Libje se noch wol, wie it earste wat my troch de holle skeat. Sûnt dy nacht sliepe we better en binne we alle fjouwer folle fleuriger.’

Ut: De Lytse Heit & Mem 2015 nr. 2

Ynbakerdoeken binne ûnder oare hjir te bestellen.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!