heit&mem

De 10 moaiste en bêste Fryske berneboeken op in rychje

Somtiden sjochst troch alle beammen it bosk net mear. Wat binne no echt goeie en moaie Fryske berneboeken foar de lytskes?
Watfoar boeken moatst echt yn dyn boekekast stean hawwe? Wy ha de 10 moaisten foar jim op in rychje set.

Dieuwke van der Meer 10 maart 2017

fan-de-lytse-mol-grut  

1. Oer de lytse mol dy’t witte wol wa’t him op de kop skiten hat.

Dit boek giet oer de Lytse mol, dy’t by allegearre bisten del giet om út te finen wa’t him op ‘e kop skiten hat. In hilarysk boek oer bisten en poep. Docht it altyd goed by de bern. Wy binne alwer oan de sechsde printinge ta fan dizze klassiker.

Priis: € 12,95
Leeftiid: 1+
Hjir te bestellen

tuzenwurden  

2. Tûzen wurden

Oft der werklik 1000 wurden yn steane ha’k nea teld, mar dat bern dit in moai boek fine wit ik wol. Der steane in protte moaie platen yn dêr’t bern oeren nei sjen kinne. It strân, in buorkerij, de berchen, iten, kleuren, getallen, bisten, ferfiermiddels, werklik alles komt foarby yn dit boek. In boek dat nea mar dan ek nea ferfeeld.

Priis: € 14,95
Leeftiid: 1+
Hjir te bestellen

wer is stip  

3. Wêr is Stip?

Stip is hip! Dit boek is in echte klasiker en bliuwt leuk om mei dyn lytse dreumes te besjen. Dat komt fansels ek foaral troch de leuke flapkes dy’t yn it boek sitte. Wêr soe Stip sitte? Yn de kiste? Yn de klok as yn de piano?

Priis: € 11,99
Leeftiid: 6 moanne +
Hjir te bestellen

myn moaiste mearkes  

4. Myn moaiste mearkes

Se sizze wolris, dat ast wolst dat dyn bern yntelligint wurdt, moatst se mearkes foarlêze. Fansels om’t mearkes fol mei moralen en oare libbenslessen sitte. It boek hat yn ferhâlding in protte moaie platen om te besjen, dat fine bern altyd fijn. De tekst is koart en simpel en de ferhalen binne werklik wier prachtich.

Priis: € 17,50
Leeftiid: 4+
Hjir te bestellen

100xtomke   

5. 100 x Tomke

Do kinst it net keare, bern fine Tomke leuk. Foar de bern dy’t echt al stil sitte kinne om te lústerjen nei ferhaaltsjes is dit boek in topper. Hjir steane wol hûndert ferhaaltsjes yn, dy’t earder yn de ‘Weekkrant Fryslân’ stienen. En by elk ferhaaltsje is in moaie tekening te besjen.

Priis:€ 9,50
Leeftiid: 2+
Hjir te bestellen

witstwolhoemal   

6. Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?

Wa kin dit boekje net?! ‘Oant de moanne en wer werom’ is in útspraak dy’tst hjoed de dei oeral tsjinkomst. In echte klassiker. En net te ferjitten in prachtich boek mei skitterjende platen en in geweldich moai ferhaal. Te moai om dyn bern net foar te lêzen.

Priis: € 12,95
Leeftiid: 2+
Hjir te bestellen

debisteboelfanomkeroel-web   

7. De bisteboel fan Omke Roel

Kinne jim se noch? ‘In knyn, minemyn’ en Kees Kikkert, Hintsje Kokkelintsje en Bijke, Bijke, Bijke. Wy hienen yn it ferline al dizze ferskes op in plaat. Yn 2011 binne de ferskes opnij ynsongen en op cd set. Yn ien wurd: geweldich! Wy belústerje dizze cd altyd yn de auto en ús dochter giet dan alle kearen wer hielendal út har dak (wy ek trouwens). Yn it boek sels steane alle ferskes nochris útskreaun en ek steane der ferhalen yn. In echte oanrieder!

Priis: € 17,50
Leeftiid: de ferskes op cd 1+ en de ferhalen yn it boek 3+
Hjir te bestellen

rupke   

8. Rûpke Noaitgenôch

Ik kin my noch goed heuge dat wy dit boek al op de kleuterskoalle hienen. It boek is yn 1969 al útjûn mei de titel ‘ A very hungry caterpillar’. Yn 2003 kaam er foar it earst ek yn it Frysk. En wat is it in leuk boek! De bern leare oer hoe’t in rûp yn in flinter feroaret, mar se leare tagelyk ek tellen, kleuren te werkennen en ferskate soarten iten te beneamen. Dizze kin net mist wurde yn de boekekast!

Priis: € 13,00
Leeftiid: 1+
Hjir te bestellen

1699_product_4697_0.jpg   

9. It grutte foarlêsboek

Dit boek is sa’n boek dat wol op it nachtkastje lizzen bliuwe kin. It stiet grôtfol ferhaaltsjes, gedichtsjes en ferskes. Dat heit en mem kinne alle jûnen in oare side foarlêze. It boek is makke troch ferskate skriuwers en yllustratoaren en dus is ek de ynhâld hiel ferrassend.

Priis: € 19,50
Leeftiid: 3+
Hjir te bestellen

product_37_0_4   

10. Kinst net sliepe, Lytse Bear?

Dit boek stiet yn dizze top 10 om’t it gewoan in prachtich ferhaal is oer in bearke dy’t bang is yn it tsjuster. Bern kinne skoften nei de tekeningen sjen en it ferhaal slút oan by de belibbingswrâld fan de bern.

Priis: € 12,95
Leeftiid: 2+
Hjir te bestellen

  

HOKKER BOEK SOE NEFFENS DY YN DIZZE TOP 10 STEAN MOATTE?

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.