heit&mem

Praatsto Frysk mei jim bern en praat hy foaral Nederlânsk werom?

As jim thús Frysk én Nederlânsk mei jim bern prate, of allinne Frysk, dan soest ferwachtsje dat hy twatalich wurdt. Meastentiids is dat ek sa, mar net altyd. Miskyn is it oanbod fan it Nederlânsk dochs sterker sûnder datst soks fuort troch haste. Bygelyks asto yn ’e stêd wennest of as jim faak in Nederlânsktalige oppas hast. Yn sokke sitewaasjes is it goed om it Frysk wat ekstra omtinken te jaan.

Sietske Zwart 28 maart 2019

Hjir in pear tips:

  1. Kies foar in Frysk- of twatalich pjutteboartersplak of berneopfang en foar in basisskoalle dêr’t omtinken is foar it Frysk.
  2. Bliuw as Frysktalige âlder(s) konsekwint Frysk praten, ek wannear bern yn it Nederlânsk antwurdzje.
  3. Freegje oaren itselde te dwaan. Tink oan skoalle, pake & beppe, de buorlju.
  4. Lês foar yn it Frysk, sjong tegearre Fryske ferskes en set Frysktalige berneprogramma’s op.
  5. Ut ûndersyk docht bliken dat it tige helpe kin as de Nederlânsktalige âlder út en troch ek Frysk praat. Praat bygelyks ôf dat jim by it jûnsiten earst allegear in ketierke Frysk prate. Flaterkes binne net slim!
  6. Sjoch foar mear tips op www.taalgroeiboekje.nl, of stel dyn fraach oan ús fia e-mail, of facebook.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.