heit&mem

Tip: slofkes dy’t sitten bliuwe

Ik woe efkes in handige tip mei jim diele. Doe’t wy trije jier lyn in lytse poppe krigen, kaam ik der al gau efter dat slofkes by lytse poppen net handich binne. Njoggen fan de tsien kear gongen se út. Oant ien my tipte oer ‘BabySteps’. BabySteps is in bedriuw út Hearrefean en sy ferkeapje learen slofkes dy’t wurklik wier sitten bliuwe! Us Maaike is no trije en se hat yntusken al 3 soarten hân. Hoewol’t se yn de simmer it leafst op bleate fuotten rint, mei se de babysteps-slofkes yn de kâldere moannen graach oan ha.

Dieuwke van der Meer 25 september 2015

foto (7) slofkes-pears  As earste kocht ik de pearse slofkes mei de blomkes derop; de ‘Buttercups.’ Dizzen ha BabySteps no noch te keap. Sjoch hjir mar. Ik ha se noch altyd bewarre. De earste slofkes ha dochs op de ien of oare wize iets sentimenteels.
IMG_3981a pinktrainers Doe’t de earsten fersliten wienen, ha ik de roze mei de reade streep útsocht, of ek wol de ‘Pink trainers‘ neamd. Hjir hat se rinnen op leard, krekt in pear dagen nei har earste jierdei!
SAM_0124-a owls  Dêrnei wienen de roze ûltsjes oan de beurt. Dêr wie se ek o sa wiis mei! Baby-steps ha se net mear yn it rôs mar noch wol yn it pears.
   rozelearskes En no’t it wer winter wurdt, wurdt it wer tiid foar nije slofkes. No seach ik dat BabySteps ek superleuke winterlearskes hat. Ik tink dat wy dizze winter dy marris probearje! Maaike fynt se yn alle gefallen geweldich!

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.