heit&mem

Boekresinsje fan Froukje Berber: ‘It aldermoaiste dinoboek’

Dieuwke van der Meer 13 februari 2019

Wy lêze de bern altyd foar foardat se op bêd geane. Lekker yn ’e pyama op skoat by mem of papa yn de lekkere lêsstoel op Nick syn keamer. Mar no lei der in kadootsje op de stoel!

‘Wow! Is dat boek for me?’ freget Nick (3) heal yn it Frysk, heal yn it Ingelsk. Hy is daliks entûsjast. Want wat is der foar sa’n lyts mantsje no moaier as It aldermoaiste Dinoboek! Hy kin net wachtsje en wy begjinne fuortendaliks mei foarlêzen. Mark (20 m) krûpt der ek by. De grutte lampe moat al oan, want oars hearre wy de dinolûden net.

Wy hawwe thús ek It aldermoaiste Trekkerboek, dus it prinsipe is by ús jonges wol bekend. Ek hjir in hiele soad flapkes en ferhaaltsjes, mar yn dit boek stean wol in soad drege en nije wurden (ek foar mem). Want fan in Leaellynasaura hie ik bygelyks noch noait heard. Gelokkich stiet der fonetysk by hoe’t je it útsprekke moatte. Dus nei in pear kear oefenjen slagget dat wol.

 

It boek hat frisse kleuren en moaie yllustraasjes, en achter elk flapke is wer wat spannends te sjen. Nick fynt it moai om alles te tellen. Fan de teannen fan de Edmontonia oant de hoarnen fan de Triceratops. De lûden fine se beide fantastysk. ‘Ssst mem, de dinosaurus leit te koesen!’ Mark fynt it foaral leuk om de flapkes hûndert kear iepen en ticht te dwaan en sels ek dinolûden te meitsjen.

Doe’t ik de jûns noch efkes by Nick seach, lei hy mei it boek te koesen. Dus ik kin wol sizze: ‘It beste dinoboek oait!’

 

It boek ‘It aldermoaiste Dinoboek’ is foar €14,99 hjir online te bestellen of freegje der nei yn dyn boekhannel.

Troch Froukje Berber Oliver út Berltsum.

 

-> Froukje Berber is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.