heit&mem

Boekresinsje fan Ingrid: ‘Dêr is se dan. En wat no?’

Dieuwke van der Meer 18 februari 2019

In moai printeboek, dat giet oer it krijen fan in broerke as suske. Hiel geskikt foar bern fan twa oant en mei seis jier.

“Dêr is se dan! En wat no?” is in prachtich kleurryk printeboek, skreaun foar jonge bern. It boek is hiel geskikt foar bern dy’t op it punt steane om grutte broer as sus te wurden fan in lytse poppe. Yn it boek wurdt op in heldere, moaie manier ferteld wat it ynhâldt om broer as sus te wurden en it is dêrom in goede tarieding op dy bysûndere nije perioade.

“Dêr is se dan! En wat no?” is in printeboek om lekker by heit/mem op skoat te lêzen. De koarte teksten en grutte yllustraasjes meitsje it foar bern in oantreklik gehiel. De yllustraasjes binne sa helder, hja koenen op harrensels it ferhaal fertelle. It moaie fan it boek is dat de emoasjes toand wurde en dat dy emoasjes der ek wêze meie. Dat makket it foar bern grif makliker om yn de realiteit mei dy emoasjes om te gean.

It ferhaal

Lytse bear krijt te hearren dat er in broerke as suske krijt en dat liket him fantastysk. As syn suske berne is, falt it him toch wat ôf. Heit en mem hawwe allinne noch mar each foar hár en se is ek gjin gesellich boarterskammeraatske. Lytse bear krijt it gefoel dat er net mear meitelt en hy fielt him o sa allinnich. Dat makket him lilk en hy fynt syn suske hielendal net sa leuk mear. Dochs wit er him iepen te stellen foar syn suske en dat soarget foar in nijsgjirrige útkomst…

Konklúzje

“Dêr is se dan! En wat no?” is in hiel geskikt boek foar oankommende broers en suskes (en harren âlden) as tarieding foar dy nije perioade. Der wurdt op in moaie, leafdefolle manier oandacht bestege oan it krijen fan in lytse poppe. De prachtige yllustraasjes meitsje it in boek om fan te genietsjen.

It boek ‘Dêr is se dan. En wat no?’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen of freegje der nei yn dyn boekhannel.

Troch Ingrid Louwina Reitsma út Kootsertille

-> Ingrid is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.