heit&mem

Boekresinsje fan Linda: ‘Mei ik yn dyn pemper sjen?’

x 11 februari 2019

Hoi! Myn namme is Linda Schippers. Ik bin 38 jier en ik bin mem fan in soan (9) en gastâlder op ’e Lemmer. De berntsjes dy’t by ús boartsje, binne yn de leeftiid fan 1 oant 9 jier. En wat is it hearlik om de bern út in boekje foar te lêzen! Alle kearen sjogge se wer wat nijs en leare se wer in nij wurdsje.

Wy hiene it boekje “Mei ik yn dyn pemper sjen?” krigen. In prachtich boekje, dat hiel goed oanslút by de leeftiid fan de bern by ús op ’e opfang. Op dit momint binne hjir twa pjutten en ien dêrfan is mei har sindlikheid dwaande.

It boekje giet oer in lyts mûske dat tige nijsgjirrich is en alles ûndersykje moat. Op in dei freget er oan syn freontsjes at hy yn harren pemper sjen mei. En wat der dan bart… In oantal bisten passearje de revu en allegearre hawwe se in poepke yn ’e pemper! De eagen fan ’e bern waarden grutter en se rôpen om it hurdst doe’t de freontsjes fan Mûske ek oan Mûske fregen: MEIE WY YN DYN PEMPER SJEN?

Mar dêr siet hielendal neat yn!! Hoe koe dat no??? Wel, Mûske hie syn poepke al yn it potsje dien!

Fan elk bist yn it boek ha we de lûden neidien. Wy hawwe it boekje mei in protte wille lêzen. We ha de flapkes iepene en we ha ús ferwûndere oer de poepkes fan alle bisten.

Mar it moaiste fan it boekje wienen dochs de hertsjes op de pempers fan de bisten!

It boek ‘Mei ik yn dyn pemper sjen?’ is foar €16,65 hjir online te bestellen of freegje der nei yn dyn boekhannel.

Troch Linda Schippers fan ’e Lemmer.

 

-> Linda is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.