heit&mem

Ferneamd: Roel

Ferneamd: Roel

Dieuwke van der Meer 12 juni 2018

Grutte Roel: Berne op 16 juny 1941 en wennet yn Stiens

Lytse Roel: Berne op 4 desimber 2017 en wennet yn Wageningen

Betsjutting Roel: Ferneamd yn it lân

 

Roel Brolsma:
‘Ik fyn it moai dat de namme Roel trochjûn wurdt. Dy namme kinst al fan 1700 ôf yn ús famyljestambeam weromfine. Ek myn frou is tige grutsk dat ik ferneamd bin en dat der in stamhâlder yn de famylje is. ‘No moatsto ta de bûse’, sei sy, dat ik ha in jildbedrach op de bankrekken fan lytse Roel stoarten. We hawwe noch fiif pake- en beppesizzers, allegear famkes. Dy hat myn frou in jildbedrach kado dien.

We sjogge lytse Roel net sa faak, want hy wennet net neist de doar. Myn frou fynt it prachtich as er komt. No’t er sa lyts is, kin ik der noch net safolle mei, mar dat komt faaks letter wol. As er grutter is, sil ik him it fee sjen litte. Ik bin boer en foar de pake- en beppesizzers hawwe wy ek in pear skiep. Dat fine se allegear prachtich.

Lytse Roel moat skielk mar sjen wat hy wurde wol. Ik fyn it belangryk dat bern alle frijheid en romte krije om sels út te finen wat sy wolle en wat sy kinne. Sa ha wy dat ek mei ús bern dien en dat sjoch ik no ek werom yn de wize wêrop’t sy de bern grutbringe. Elk docht it op syn eigen manier. Soks hinget fansels fan it karakter ôf, mar ek fan de foarbylden dy’t bern fan thús meikrije.’

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!