heit&mem

In draachdoek, wat foar dy?

Sjochst se hieltyd mear, draachdoeken en oare dragers.  Foar guon âlders de meast praktyske, komfortabele en feilige manier om bern te ‘ferfieren’. Foar oaren ûnbekend terrein. De mieningen binne oer it algemien tige posityf, ôfgeand op de reaksjes dy’t Heit & Mem krige op de Facebook-oprop oer dit ûnderwerp.

Femke Jaarsma 2 juli 2019

Wichtich dat it bern goed sit

Nijberne poppen meie al gau yn in draachdoek, mar wol mei it advys om se op de búk te dragen, mei it gesicht nei dy ta. Dan kinsto goed reagearje op sinjalen fan dyn poppe en hasto der goed sicht op, neffens Gré Kwakkel, mem fan fjouwer bern en draachkonsulint. Hja jout dêrby oan dat rêchdragen prima kin wannear’t dyn berntsje dêr oan ta is. ‘Het is heel persoonlijk. Ik begon met rugdragen toen mijn kinderen drie maanden oud waren. Een ander draagt tot anderhalf jaar op de buik.’ It is benammen wichtich dat in bern goed sit. Dat betsjut fan hokse (knieholte) oant hokse stipe, mei de knibbels heger as it kontsje, ek wol de ‘kikkerthâlding’ neamd. Neffens Geerte Teppema, mem fan trije en ek draachkonsulint, kinsto de measte dragers sawol op de búk as op de rêch drage. ‘Maar rekbare draagdoeken zijn niet geschikt voor op de rug, omdat kinderen zichzelf daar uit kunnen krijgen. Met een geweven doek kun je wel veilig op de rug dragen.’ Foar de foarfoarme drager jildt datsto dy sawol op de búk as op de rêch drage kinst.

Beide froulju jouwe oan datsto drage kinst salang’t it bern goed yn de drager sit en it noch hieltyd noflik fynt. It foardiel fan in doek fynt Geerte datsto dy presys op it bern oanpasse kinst. ‘Maar je kunt dus blijven dragen tot je het zelf te zwaar vindt of je kind niet meer gedragen wil worden. Ik heb mijn kleuter van vier nog gedragen.’ Gré droech baby Merijn sels wol op ’e búk mei tagelyk soan Jelmer op ’e rêch.

Ferkeard gebrûk kin gefaarlik wêze

Binne der ek neidielen oan it brûken fan in drager? ‘Wanneer je je kind in een niet-ergonomische drager draagt, kan dit een nadelig effect hebben op de ontwikkeling van de heupgewrichten en rug van het kind.’ Geerte fertelt dat ek in lizzende hâlding of ‘kommahâlding’ yn in drager gefaarlik wêze kin.

Njonken dat it praktysk is om dyn bern op ’e búk of rêch te dragen, is it in handich en feilich ‘ferfiermiddel’. Mar der binne mear foardielen. Geerte: ‘Het biedt een geborgen plekje voor je kindje en verder hebben baby’s die vaak moeten spugen minder last wanneer ze rechtop zitten. Dragen is ook goed voor de ontwikkeling van het evenwicht van het kind. En als je het goed doet, kan het bijdragen aan een goede ontwikkeling van de heupgewrichten, doordat de natuurlijke spreid-hurkhouding van het kind wordt gerespecteerd.’ Gré follet oan: ‘Ik vind een van de grootste voordelen van een drager dat baby’s minder last hebben van krampjes door het rechtop zitten tegen de buik aan, waardoor ze ook rustiger in slaap vallen. En in een drukke omgeving kun je je kindje op deze manier een beetje “afsluiten” voor alle prikkels van buitenaf.’

Yn in konsult by beide froulju wurde al dy foardielen útlein, en krigest tagelyk ek in knoopynstruksje foar de draachdoek of advys by it kiezen fan in drager. Bisto der net wis fan oftsto de draachdoek of in oare drager wol goed en feilich brûkst? Dan is in draachkonsult grif oan te rieden.

Geerte Teppema: www.behaaglijkdragen.nl
Gré Kwakkel : www.draagdoekkindje.nl

Reaksjes fan ús Facebookpagina: 
Grietje Visser: ‘Doe’t ús famke noch in lytse poppe wie, die ik har gauris yn in draachdoek. Wy hawwe ek twa grutte hûnen en sa koe ik dochs noch in moai ein mei it spul om.’

Metje Ytsma: ‘De oudste zou er nog wel in willen. Hij is 8 jaar. Ik heb hem tot 7 jaar gedragen.’

Richard Postma: ‘Us soantsje hie by de berte in hiele minne start. Yn it sikehûs seinen se dat it goed wie om it berntsje ticht tsjin dy oan te hâlden. Hy is no 1,5 jier en fynt it noch altyd prachtich om yn ’e doek te sitten.’

Petra Laferte: ‘Ik wil het zo graag leren. Sufgeoefend. En nu hangt de doek aan de kapstok…’

Femke Steensma: ‘Ik draach myn soan fan 3 noch wol yn in draachdoek. Hiel handich yn it iepenbier ferfier. Ek op de frijmerk mei keninginnedei fyn ik it in útkomst.’

Andrea de Vries: ‘Onze zoon draag ik sinds hij een week oud is. Na de keizersnede kon ik geen kinderwagen duwen en dit was perfect. Hij is 2,5 en wordt nog steeds gedragen.’

Renate Cazemier: ‘Ideaal, want ús dochter woe oerdeis net yn har bedsje sliepe en yn ’e doek by mem wol.’ 

Esther Hofman: ‘Nu ik zelf draagdoekconsulent ben, ben ik veel bedrevener in het knopen. Ik vind het niet meer zwaar om te dragen en krijg geen last meer van mijn rug.’

Martine Elsinga : ‘Hast dyn berntsje tichtby, se hat minder lêst fan refluks en hast gjin enoarme duowein nedich asto ek in pjut hast.’

 

In draachdoek, wat foar dy??
Sjoch hjir foar in grut ferskaat oan moaie draachdoeken.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.