heit&mem

Ferneamd: Lieuwe Siebe

Ferneamd: Lieuwe Siebe

Dieuwke van der Meer 16 mei 2018

 

Namme:
Lieuwe Siebe Greidanus
Berne op: 24 maaie 1961

Wennet yn: Wjelsryp

Namme pakesizzer:
Lieuwe Siebe Greidanus
Berne op: 20 oktober 2014
Wennet yn: Wjelsryp

Betsjutting Lieuwe: beskermer fan it folk
Betsjutting Siebe: sege, oerwinning

 

Ik ha fiif hiele leave pakesizzers. Lieuwe Siebe is de twadde pakesizzer en nei my ferneamd. It is de soan fan myn soan Siebe Lieuwe. De namme sit al fan de 18e iuw ôf by ús yn de famylje. De âldste soan fan de stamhâlder kriget de namme yn de famylje. It giet altyd om en om. Lieuwe Siebe en dan wer Siebe Lieuwe. Mar ús heit en mem ha der net foar keazen om Siebe efter myn namme oan te dwaan. Dat fûn ik wol hiel spitich, dus ha ik dy namme der sels efteroan setten. Ek omdat it wol hiel praktysk wie. Want der binne in soad minsken dy’t Lieuwe Greidanus hjitte en dêrneist hjit ús dochter Laura. En twa minsken yn ien húshâlden dy’t L. Greidanus hjitte is hiel ûnpraktysk. Ik iepene gauris har bankôfskriften.

Ik fyn Lieuwe in moaie namme. In echte Fryske namme. It wurdt meastentiids wol goed skreaun. Foar minsken bûten Fryslân sis ik meastal datst de namme as ‘Nieuwe’ skriuwst, mar dat se yn stee fan de N in L sette moatte. Dan giet it altyd goed.

Lytse Lieuwe wennet mar sa’n 200 meter fan my ôf. Ik sjoch Lieuwe hast alle dagen. Se komme altyd wol efkes del at se in blokje om gean. Lieuwe slacht faak by my om, want alles wat ik doch fynt er moai. Hy docht alles nei en stelt altyd de hiele dei troch fragen. Sit ik yn de heftrúk, dan wol er by my op skoat. Lis ik ûnder in auto, dan giet er neist my lizzen. Wy hawwe in loads mei û.o. frachtauto’s en trekkers en dat fynt er prachtich. Wy hawwe hjir in lyts overaltsje foar him, oars komt er altyd thús mei de klean ûnder it fet. Ek hat er, lykas pake, de skerjonklompkes altyd oan. Lieuwe is in blier jonkje, altyd yn beweging en hy hat altyd wol wat by de ein. Wy kinne it hiel goed fine tegearre.

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!