heit&mem

Hoe om te gean mei stranger danger

Hoe fertelsto dyn bern dat net alle minsken te fertrouwen binne sûnder datst se fuort bang makkest? Net, sa seit pedagooch Afke Nynke Elting-Dijkstra. Yn stee dêrfan learst dyn bern te fertrouwen op syn of har inerlike kompas, sadat se fansels oanfiele wannear’t immen te fier giet. Maklik sein, mar hoe soargje ik derfoar dat myn bern dat inerlike kompas ûntwikkelet?

Marrit de Schiffart 6 juni 2018

De dei dat har dochter achterneisitten waard troch in frjemde man, sil Miranda Sijbesma net gau ferjitte. ‘Us famke wie 12 jier doe’t se op de kemping achterfolge waard troch in man. Doe’t hy mar net fuortgong, fertroude se it net. Se rôp om help en fytste hurd fuort. Se gie op har ynstinkt ôf en dat wie gelokkich goed.’ Miranda har ferhaal is in moai foarbyld fan in goed ûntwikkele inerlik kompas, stelt Afke Nynke. Yn har wurk as pedagoge by Cedin komt dat inerlike kompas faak foarby. ‘Ast bern learst te fertrouwen op harsels en neitinke litst oer wêrom’t se dingen wol of net dogge, fiele se fansels oan oft dingen wol of net klopje. Uteinlik giet it derom dat se net bang binne foar de grutte wrâld, mar har wol bewust binne fan eventuele gefaren.’ Dy gefaren komme trouwens hast noait fan frjemde minsken. As der wat bart, dan blike it faak bekenden te wêzen, bygelyks de fuotbaltrainer of in famyljefreon.

Uteinlik giet it derom dat bern net bang binne foar de grutte wrâld, mar har wol bewust binne fan eventuele gefaren.

Inerlik kompas, fan 0 oant 12

It foarmjen fan in inerlik kompas begjint al by lytse poppen. As poppen in goede bân opbouwe mei heit en mem jout dat fertrouwen; it earste begjin fan in inerlik ik. Hoe’tst foar in goede hechting soargest? Afke Nynke: ‘Troch beskikber te wêzen, sawol passyf as aktyf. As der wat is, dan binne heit en mem der foar my. Dat gefoel moatte bern hawwe. Dan doare se de wrâld yn te gean en binne se net fuortendaliks bang.’ It inerlike kompas wurdt fierder ûntwikkele troch selsfertrouwen. As bern âlder wurde is it dus belangryk datst se hieltyd mear sels dwaan litst. Lear se de feardichheden oan dêr’t se de wrâld mei yn kinne. ‘Dat begjint lyts, in pjut kinst bygelyks freegje om wat út ’e kast te pakken of allinne nei boppen ta te rinnen (fansels stiesto de earste kear stikem ûnder oan ’e trep te lústerjen). Dêrnei fregest oft hy of sy de brievebus leegje kin. Wer in stap fierder is boadskipje en allinne nei skoalle ta fytse. Sa wurdt de wrâld hieltyd grutter en leare bern mear en mear op harrensels te fertrouwen. Fansels is it per bern ferskillend hoe’t je dat oanpakke, sjoch foaral nei wat dyn bern oankin en folgje dêrby dyn eigen inerlike kompas.’

Bern ferjitte dyn wurden, mar net it gefoel datsto harren meijoust.

As bern twa jier âld binne, kinst sa no en dan al kontoeren fan in inerlik kompas werkenne, fertelt Afke Nynke. ‘In sinjaal is bygelyks as omke net in tút krijt by it ôfskied. It bern wol dat net; der is wat dat him of har tsjinhâldt. As mem ha je dan al gau de oanstriid om oan te trunen ta dy tút, mar dat is net handich, want dan nimst it inerlike kompas fan dyn bern net serieus. En dat wylst it just sa belangryk is dat dyn pjut syn of har grinzen oanjout. As bern dat leare, dogge se dat letter ek as se yn situaasjes komme dat it echt nedich is.’

Miranda Sijbesma is noch hieltyd bliid dat har dochter op ’e kemping har inerlike kompas folge, sa seit se. ‘Se hie har mobyl ek yn ’e bûse, mar dêr hat se gjin momint oer neitocht. Ik tink dat it altyd sa giet yn panyksituaasjes; it ynstinkt is dan belangriker as in mobyl.’

 

Tips

Wol dwaan

Meitsje basisôfspraken mei dyn bern, bygelyks:
Do meist net mei frjemden meigean of wat fan frjemden oannimme.
Do meist allinne mei bekenden meigean as heit of mem dêr tastimming foar jûn hat (dat jildt ek as it om buorman of beppe giet).
De doar net iependwaan as heit en mem net thús binne.
Altyd earst oan heit of mem freegje ast ergens oars hinne giest as ôfsprutsen.
Fertel ek wêrom’tst dy ôfspraken makkest: heit en mem wolle gewoan altyd witte wêr’tsto bist.

Jou it goede foarbyld. Fertrou op dyn eigen inerlike kompas ynpleats fan datst dy liede litst troch eangst. Ast sa libbest, learst dyn bern om itselde te dwaan. 
Jou dyn bern it gefoel datst him fertroust, want allinne dan kin hy ek op himsels fertrouwe. Belangryk: fertrouwen jaan is loslitte!
 

Net dwaan

In offisjeel gesprek oangean wêryn’tst fertelst dat net alle minsken te fertrouwen binne. As dyn bern der sels oer begjint, giest it petear fansels wol oan. Jou ek dan fertrouwen, fertel wat hy/sy yn sokke situaasjes dwaan moat (fuortdrave, om help roppe of de plysje belje). Stel dyn bern gerêst: de kâns dat soks barre sil is hiel lyts en as it bart witsto watsto dwaan moatst.
De eangst regearje litte. Brûk bygelyks net letterlik de wurden ‘bernelokkers’ of ‘enge mannen’, mar hâld it lyts.
Printeboeken lykas Met jou ga ik echt niet mee lêze. Dan makkest der in ‘ding’ fan en dat jout bern gjin fertrouwen.
 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!