heit&mem

De skries, de kening fan it basisûnderwiis

Freegje in bern hokker bisten der yn de bistetún foarkomme en se kinne der mei gemak in hânfol opneame. Mar freegje hokker bisten der yn de eigen omjouwing libje en it bliuwt teloarstellend stil. Oanlieding foar IVN Fryslân, it Ynstitút foar Natueredukaasje en Duorsumens, om in lesprogramma te betinken om bern yn de kunde te bringen mei bisten dy’t yn ús eigen provinsje libje. ‘Elk bern wit hoe’t in sebra der útsjocht,’ knikt Pyke Kroes fan it IVN, ‘mar in skries of in ljip? Gjin idee.’

Nynke van der Zee 18 juni 2018

‘Elk bern wit hoe’t in sebra der útsjocht. Mar in skries of in ljip? Gjin idee.’

 

Op aventoer by de boer

Al yn 2014 is úteinset mei it projekt ‘Op aventoer by de boer’, wêryn’t skoalbern op ûntdekkingstocht gean op de pleats en yn it lân. ‘Doel is om mear omtinken te jaan oan it Fryske lânskip en de bisten dy’t dêryn libje’, leit Pyke út. ‘De greidefûgel is dêryn ûnmisber, mar dochs hiel ûnbekend. De ôfrûne jierren ha wy “Op aventoer by de boer” útrôle oer hiel Fryslân. Stadichoan is de fokus hieltyd mear kommen te lizzen op de greidefûgels as dragers fan it projekt.’

It moaie fan fûgels is nammentlik datst se oeral tsjinkomme kinst. Hoechst allinnich mar it lân yn te kuierjen en trefst fêst wol in eksimplaar. Der binne tsientallen ferskillende soarten, dus hoechst dy gjin momint te ferfelen. No ja, dat is spitich genôch net hielendal wier. Want in fûgel docht net hiel folle mear as ite en fleane. Mei oare wurden: der bart net safolle spannends yn it lân foar bern. ‘Fan ’t simmer ha ik mei west mei in greidefûgel-safary, mar al nei tsien minuten ferfeelden de bern har. Sa’n safary is gjin Freek in het wild’, wit ek Pyke. ‘Fandêr dat wy elk jier sykje nei nije projekten om it ynteressant te meitsjen foar de bern.’

 

Het Grote Grutto Theater

Ien fan dy nije projekten is de gearwurking mei Natuurmuseum Fryslân. Dêr is fan 26 jannewaris oant 2 septimber in spesjale eksposysje oer de skries: Het Grote Grutto Theater. Bern kinne yn de hûd fan de skries krûpe. Fleane boppe Fryslân, op syk nei iten en dysels ferstopje foar bisten dy’t dý wol in lekker hapke fine. Hearre, sjen en fiele; der is fan alles te belibjen en te dwaan. ‘Dy gearwurking is foar ús prachtich’, fertelt Pyke. ‘It slút perfekt oan op ús lesprogramma yn de klasse. Se gean it fjild yn, op skoalle lêze se deroer en yn de eksposysje wurde bern op alderlei wizen oansprutsen. De skries sels hat in stim, lykas ek oare greidefûgels. Sa komt it ûnderwerp hielendal ta libben.’

Opfallend ûnderdiel fan Het Grote Grutto Theater is de muorre fol mei keunstwurken fan skoalbern út Baard, Itens, Wommels en Winsum. ‘Dy keunstwurken binne makke troch de skoalbern dy’t al in oantal jierren meidogge oan ús edukaasjeprojekt’, fertelt Pyke grutsk. Spesjaal dêrfoar brocht direkteur Tom van Slooten fan it Natuurmuseum in besite oan dy fjouwer skoallen om de bern te freegjen om keunstwurken te meitsjen foar it museum. ‘Dat kin fan alles wêze. Fan skilderijen, films en foto’s oant gedichten, stripferhalen of kollaazjes’, leit Pyke út. ‘Ynkoarten wurde de keunstwurken ophongen. Dyn eigen keunstwurk yn it museum; hoe stoer is dat?!’

 

‘Der leit letterlik in wrâld om ’e hoeke op de bern te wachtsjen’

 

Fergees it boek Pykje Fjouwer

Om ek alle oare basisskoallen entûsjast te meitsjen foar it natueredukaasjeprojekt om de skries hinne dielt Kening fan ’e Greide yn gearwurking mei de Afûk fergees it lêsboek Pykje Fjouwer út oan alle Fryske skoallen. ‘It boek is der sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk en is bedoeld foar de ûnderbou’, fertelt Pyke. ‘It is in prachtich foarlêsboek. Wy ha der ek in ferhalend ûntwerp foar makke. Sa kinst as master of juf ûnderwerpen út it ferhaal útdjipje. Bygelyks: wat is allinnich wêzen? Hoe fielst dy dan? Mar ek: watfoar bisten wenje der eins op in pleats? Der giet wier in wrâld foar de bern iepen. In wrâld dy’t se no noch net kenne, mar dy’t letterlik om ’e hoeke op harren leit te wachtsjen.’

Wolsto ek meidwaan?
Yn it jier 2018 binne der allerhande aktiviteiten oer greidefûgels foar Fryske basisskoallen. In soad fan dy ekskurzjes en lessen wurde oanbean troch de natueredukaasjesintra yn de provinsje. Sjoch op www.kultuerfilter.nl/lesprogramma’s en op www.kingofthemeadows.eu/educatie. Wolsto mei dyn skoalle ek meidwaan? Nim kontakt op mei Pyke Kroes, fia e-mail: p.kroes@ivn.nl, of belje nei: 058 289 04 63. Yn Natuurmuseum Fryslân is oant 2 septimber 2018 de eksposysje Het Grote Grutto Theater. Wolsto in fleantocht meitsje fan Senegal nei Fryslân? In skrieze-‘selfy’ meitsje? Of bist nijsgjirrich nei wat in skriezepykje yt? Kom dan nei Het Grote Grutto Theater yn Natuurmuseum Fryslân. Sjoch op www.natuurmuseumfryslan.nl/grote-grutto-theater foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!