heit&mem

Bern op in fuotstik

In soad âlders binne ûnseker oer de opfieding. Se wolle harren prinskes en prinseskes alles jaan, materieel likegoed as emosjoneel. As se mar gelokkich binne. Berneterapeut Jacoba Wierstra (61) út Westergeast stelt datst bern krekt nét helpst troch alle kastanjes foar se út it fjoer te heljen.

Klasina van der Werf 2 maart 2018

It is neffens Wierstra echt in probleem fan dizze tiid. ‘In protte heiten en memmen sjogge nei inoar en tinke dat goeie âlders bern hawwe dy’t altyd bliid binne. As dyn bern ûngelokkich is of boas, dan dochst wat ferkeard. Dêrom probearje se konflikten foar te kommen. Mar bern kinne net altyd optein wêze. It is krekt goed dat bern leare om mei frustraasjes om te gean’, sa seit Wierstra.

Dêr komt by dat âlders tsjintwurdich faak beide wurkje. Se hawwe it drok en dêr fiele se harren skuldich oer. ‘Om te kompensearjen jouwe se bern earder harren sin. Dat besparret diskusje en tiid. Se wolle ek alle problemen foar de bern oplosse en har taken út hannen nimme. As bern bygelyks gjin sin ha om in wurkstik te meitsjen foar skoalle, dan dogge guon âlders dat foar harren. Mar dêr helpst se echt net mei.’

Om te kompensearjen jouwe we bern earder harren sin

istock_000023505772_double 

De achterbankgeneraasje

Dat bern hjoed-de-dei oeral yn de auto hinne brocht wurde as it in bytsje reint (de saneamde achterbankgeneraasje), dat begrypt Wierstra net. ‘Kinst dochs ek in moai reinpakje foar se keapje? In bern komt no ienkear drege mominten tsjin yn it libben, bygelyks as it hûntsje deagiet. Sommige âlders fertelle dan dat it hûntsje fuortrûn is, mar dat is net goed foar de ferwurking. Kinst better earlik wêze.’

It falt de berneterapeut ek op dat âlders harren bern somtiden beskôgje as har bêste freon of freondinne. ‘Se fertelt my alles’, seit in mem dan grutsk. ‘Mar dat moatst echt net wolle. Alders ha in opfiedende taak.’

Alders tinke dat se harren bern helpe troch se safolle mooglik út de wyn te hâlden, mar dat is net sa, seit Wierstra. ‘Dat wurde úteinlik ûnsekere, eangstige bern dy’t harren net feilich fiele. Dy bern wolle soms net nei skoalle, mar dat is it iennige dêr’t se net oan ûntkomme. Dat leveret drama’s op en dan kriget de juf de skuld. Guon bern krije driftbuien of geane as puber it kriminele paad op. Se tinke allinnich oan harsels, want se binne net wend om har te ferpleatsen yn in oar.’

Meer inspraak

Rachel Veltman-Buiter (31) herkent dat wol. Sy is juf op it IKC Franciscus yn Ljouwert en it falt har op dat in soad âlders har bern op in fuotstik sette. ‘Alles moet wijken voor de kinderen en ze hebben ook steeds meer inspraak. Vroeger ging je op zondagochtend naar de kerk, nu wordt er gevraagd: wat zou jij willen doen? Daardoor hebben ouders minder zeggenschap’, seit Rachel. ‘Ik heb al een aantal kinderen in de groep gehad bij wie thuis alles om de kinderen draait. Dat verwachten ze dan ook in de klas.’

De kinderen hebben steeds meer inspraak

Bern binne ek al hiel mûnich op jonge leeftiid. Ek âlden gean folle earder mei de juf of master yn diskusje. As der wat bard is, steane se de oare deis daalk op ‘e stoepe. Se steane op har strepen en dat is harren goed rjocht, mar it makket it wurk soms ek lestich. In oar grut ferskil mei ‘froeger’ is neffens Rachel Veltman de komst fan social media. ‘Vroeger was de meester of juf de bron van informatie. Nu hebben ze alles al gezien op Facebook of nu.nl. De maatschappij is heel erg veranderd. Dat merk ik ook bij onze eigen kinderen. Onze zoon van twee jaar “swipet” er al op los op de telefoon van mijn man. Ik hoor ook vaak dat ouders de iPad aan hun kind geven om de lieve vrede te bewaren. Zelf ben ik daar wel ouderwets in. Ik vind het belangrijk om consequent te zijn, zowel thuis als in de lessen. Uiteindelijk luisteren kinderen dan beter.’ 

Grinzen

Jacoba Wierstra fynt it faak dreech om âlders te fertellen dat se harren bern te bot bedjerre. Se binne faak al ûnseker en dogge harren bêst. It bart meastentiids ek net bewust: it slûpt deryn. It belangrykste foar âlders is om dúdlike grinzen te stellen en in goed kontakt te hâlden mei harren soan of dochter. Bern wolle erkend wurde.

It belangrykste foar âlders is om dúdlike grinzen te stellen en in goed kontakt te hâlden mei harren soan of dochter

Wierstra: ‘En ek al hast minder tiid foar dyn bern, brûk dan de tiid dy’tst hast goed troch échte oandacht te jaan. Bygelyks troch in spultsje mei se te dwaan, dat fine alle bern leuk. En se meie har ek best in kear ferfele. Lit de bern sels mar ris betinke wat se dwaan wolle. De dagen binne hjoed-de-dei foar bern faak al sa fol.’

Rachel Veltman foeget dêr oan ta dat bern lekker bern wêze moatte kinne. ‘Kinderen zijn al zo vroeg wijs door de media. Laat ze lekker spelen. En ook al maken ze soms fouten, daar leren ze alleen maar van. Je kunt ze niet overal voor behoeden. Anders zijn ze op hun achttiende niks gewend en dan gaan ze het niet redden.’

Ut: heit&mem nr. 2 2015

Werkenst dit gedrach of wolst der mear oer lêze?

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!