heit&mem

Undersyk nei Tomke

Undersyk nei Tomke

Earder ûndersyk (Varkevisser, 2013) liet al sjen dat Tomke in soad brûkt wurdt op bernesintra. Mar hoe bekend is Tomke by de pjutten thús?

Hieke Rienstra 16 maart 2018

Yn opdracht fan Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân hat ûndersyksburo Partoer âlders fan pjutten yn Fryslân frege nei harren miening oer en ûnderfining mei Tomke. Ut it ûndersyk docht bliken dat hast alle ûnderfrege âlders (98%) Tomke kenne en dat it grutste diel fan de âlders (92%) it belangryk fynt dat Tomke de Fryske taal stimulearret. De measte âlders jouwe dêrneist oan dat sy troch Tomke mear mei de Fryske taal dogge, bygelyks troch faker yn it Frysk foar te lêzen. 

De ûndersykspublikaasje mei alle útkomsten is yn te sjen op de website fan Stichting Lezen of fansels fia Tomke.nl

Klik op de ôfbylding hjirûnder foar de belangrykste útkomsten op ien a4:

 

 

 

 

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.