heit&mem

Gebaren met je baby

Bern begjinne meastal mei sa’n oardel jier te praten. It docht bliken dat in baby fan seis moanne en âlder al mear begripe kin en him better uterje kin as dat men lang tocht. Mei gebaretaal kinst al mei dyn poppe ‘prate’ foardat hy mei wurdsjes begjint, en dyn baby kin op dy manier ek dingen mei dy diele, lykas wat hy allegear sjocht en meimakket! De gebaren binne itselde as by de gebaretaal foar dôven.

Dieuwke van der Meer 20 januari 2018

Gebaretaal brûke by poppen hat in protte foardielen:

– It is geselliger yn ’e hûs: babys en pjutten hawwe minder lêst fan driftbuien at de âlden se begripe. Omdat se harren better uterje kinne, is der minder frustraasje.
– Bern leare earder te praten;  trochdat se earder ferbannen lizze tusken wurden, gebaren en kontekst.
– De wurdskat fan bern wurdt grutter as der mear manieren binne om har te uterjen.
– Boartsjendewei dyn bern kennen leare: bern jouwe mei gebaretaal net allinne oan wat se nedich hawwe, mar meitsje ek harren ynteresses kenber.
– Bern dy’t gebaren brûke, kinne ek kommunisearje mei dôve minsken.
– En it is foaral hiel leuk! (ek foar heit en mem!).

Lear de gebaren fia www.facebook.nl/hetgebaarvandedag

Boekentip: Babygebaren.

Esther Akkerman-Witvoet: “Wij gebruiken nu 5 jaar gebaren en het werkt fantastisch! Veel meer rust in huis door betere communicatie. (zoon van 5,5 en zoon van 2)”

Femke van der Meer: “Wy binne mei gebaren begûn doe’t ús dochter in healjier wie, en mei sa’n 10 moanne begûn se werom te gebaren. ‘Ite’, ‘drinke’, ‘koese’ en ‘hynder’ wienen har earste gebaren. Yntusken is se al 2 jier en praat se al hiel goed, mar de gebaren brûke wy noch altyd. It is nammentlik hartstikke leuk om te learen en te dwaan, en ek handich om te brûken op drokke feestjes.”

Hasto dysels én dyn poppe ek gebaren oanleard? Fertel!

Ut: De Lytse Heit & Mem nr.1 2014

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!