heit&mem

Muzyk makket bern wizer

Klasina van der Werf 20 december 2017

Muzyk op skoallen wurdt hieltyd wichtiger. Troch in nije regeling (Impuls Muziekonderwijs) wurkje hieltyd mear basisskoallen oan better muzykûnderwiis. Yn Fryslân dogge al sechtich skoallen mei. ‘Gelokkich mar’, seit direkteur Kees Dekker fan muzykskoalle Opus 3 yn Dokkum. ‘Want muzyk is ûnmisber foar in goeie ûntjouwing fan it bern.’

Oant no ta waard op de measte skoallen net folle dien oan muzyk. Neffens muzykdosinten Coby Helder-Kuik, Zwaanette Dijkstra en Kees Dekker fan muzykskoalle Opus 3 lei de fokus foaral op rekkenjen en taal. Dêr is feroaring yn kaam sûnt neuropsycholooch Erik Scherder (bekend fan De Wereld Draait Door) oantoand hat dat muzyk goed is foar it bernebrein. By bern dy’t musisearje wurdt de ferbining tusken de beide harsenhelten grutter. Sa krije se mear ynsicht yn bygelyks rekkenjen en taal, mar it hat ek in posityf effekt op it ûnthâld. ‘Hoe jonger bern mei muzykles begjinne, hoe better. Dêr hasto de rest fan dyn libben profyt fan’, seit Zwaanette, dy’t al jierren lesjout oan bern op basisskoallen. ‘Muzykles is hiel breed. Ik lis altyd in link mei oare fakken, lykas skiednis of ierdrykskunde. As wy it oer sambamuzyk hawwe, fertel ik wêr’t dat wei komt. Op it digiboerd komme al gau plaatsjes fan minsken mei rastahier tefoarskyn en dan hawwe wy it oer gewoanten yn oare kultueren. Mar ik lit bern ek wol sels teksten skriuwe op guon ferskes. Dêr leare se de taal goed fan. Foar rekkenjen is muzyk ek in moai middel om bygelyks sjongendewei de tafels te learen. Dan ûnthâlde de bern it better.’

Klik mei ynstrumint

Dizze manier fan lesjaan is neffens Coby Helder-Kuik in moai foarbyld fan it plan dat sy tegearre mei Kees Dekker fan de Dokkumer muzykskoalle makke hat foar basisskoallen yn Noardeast-Fryslân. Likernôch tweintich skoallen meitsje dêr al gebrûk fan. Coby: ‘Yn de ûnderbou wurkje wy mei de muzykmetoade “Eigen-wijs Digitaal” foar it digiboerd yn ’e klasse. It is in moai helpmiddel foar learkrêften om muzykles te jaan. En foar de bern is it in goeie basis.’

It plan fan Coby en Kees giet fierder yn de middenbou. Dan meitsje de bern kennis mei alle ynstrumintgroepen dy’t der binne (blaas, slach, snaar en toets). ‘De iene perioade fan 5 lessen spylje se gitaar en de oare perioade op it keyboard, djembé, ensfh. Op dizze manier ûntdekke bern mei hokker ynstrumint sy in “klik” hawwe. De gitarist fan Douwe Bob is troch sa’n projekt yn ’e kunde kaam mei de gitaar’, wit Kees Dekker. It is neffens him hiel wichtich dat bern leare hokker ynstrumint se leuk fine en wêr’t se goed yn binne. ‘Oars hâlde se in negatyf gefoel oer oan muzyk en dat soe jammer wêze, want elk bern is muzikaal. Mar wol op syn of har eigen manier.’

 

Muzykles op skoalle wurket allinnich asto it oer in langere perioade dochst.

 

Muzyk ferbroedert

Coby fynt it moai om te sjen hoe’t learkrêften fan basisskoallen omgeane mei de kursussen dy’t sy jouwe om harren te stypjen by it jaan fan muzykles. ‘Ien learaar learde gitaarspyljen en doarde it oan om syn gitaar mei te nimmen nei de klasse. Hy wie senuweftich en die syn fingers ferkeard. In jonkje út de groep seach dat en fertelde him hoe’t it moast. Meester lústere nei him. Der ûntstie respekt foar inoar. Dat is dochs geweldich. Wát in wikselwurking. De sfear yn ’e klasse sloech dêrnei gelyk om. De bern wiene meilibjend nei de meester ta en hy naam de bern serieus. De muzyk soarge foar ferbining.’

Dat muzyk ferbroedert blykt ek yn ’e boppebou fan skoallen dy’t meidogge oan it muzykprogramma fan Opus 3. ‘Yn de boppebou meie de learlingen meielkoar muzyk meitsje yn in band of in orkest, of sjonge yn in koar. Dêrtroch wurdt it groepsgefoel en de dissipline fersterke, mar ek de sosjale feardichheden. En – wat miskien noch wol it belangrykste is – se leare mei emoasjes om te gean. Want muzyk is emoasje’, seit Coby.

Respekt foar inoar

It úteinlike doel is neffens de direkteur fan Opus 3 dat de learlingen fan groep 8 in pleinkonsert jouwe. Kees Dekker: ‘Sa leare se dat se sels oefenje, mei respekt foar inoar. Dat se harren presintearje, poadiumûnderfining opdogge. Dat se sjen litte dat muzyk meitsjen mear is as in oanleard keunstje. Want se witte krekt wat se dogge. En it moaie oan muzyk is: it kin op in hiel soad ferskillende manieren. En alles is goed! Muzykles op skoalle wurket allinnich asto it oer in langere perioade dochst. Dêrom hoopje ik dat skoallen ek trochgeane mei muzyk yn ’e klasse as de subsydzje aanst nei trije jier ôfrûn is. Dit is in ympuls, in stimulâns. Mar as wy no sjogge wat der al op skoallen bart, dan hawwe wy goeie hoop dat muzyk yn it ûnderwiis einlings de oandacht kriget dy’t it fertsjinnet.’

 

Troch: Klasina van der Werf

Út: heit&mem nr. 2 2017

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.