heit&mem

De befalling fan Linda

Wendy de Jong 4 oktober 2017

Yn de lêste heit&mem stiet Linda Keekstra-Leystra út Dokkum noch mei har prachtige dikke búk. Hjirneist te sjen op de foto. Se wie dêr 32 wiken yn ferwachting fan har earste berntsje. Yntusken is se op 28 augustus 2017 befallen fan dochter Féline.

Wêr bist befallen?

“Ik bin yn it sikehûs befallen. De befalling is ynlieden, omdat de baby oan de lytste kant wie. It gie hiel rap, yn trije oeren tiid wie ús famke der al!”

Hoe fielt it om mem te wêzen?

“Bizar. Mar hiel grutsk! Ynienen binne je âlders fan in berntsje. It is noch altyd hiel ûnwerklik, mar it cliché is wier: sadree de baby der is, is it krekt oft it altyd al sa west hat. Féline heard der hielendal by. Wy binne sa bliid mei ús famke, Stephan en ik binne ús hiel bewust fan it grutte wûnder dat bard is. Dat komt tink ik troch it trajekt dat wy mei makke hawwe. Sa no en dan sitte wy tegearre in hiel skoft nei Féline te sjen, en ja, dan falle der wolris triennen fan gelok.”

Hoe is de baby?

“Féline is in foarbyld baby. Ik sis it net te lûd, want wa wit hawwe wy oant no gewoan gelok. Se sliept 3/4 oeren efterelkoar, dan kriget se fieding en dernei sliept se wer oeren efterelkoar. Se is fansels noch lyts, dus se hat de sliep ek echt nedich om goed te groeien. Mar oant no ta giet it super allegear!”

Werom ha jim dizze namme útsocht?

“Wy fine de betsjutting sa moai… ‘De Heer geneest, vruchtbaar, gelukkig, geluk brengende’.”

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!