heit&mem

Kinderboekenweek 2018

Wendy de Jong 3 oktober 2017

De ‘kinderboekenweek’ is wer fan start! Fan 4 oant en mei 15 oktober wurdt de wike organiseare mei as tema “Griezelen”. Alle boeken dy’t spesjaal foar dizze wike utjûn binne, binne dan ek ‘Gruwelijk eng’!

Hjirûnder in oersjoch fan in oantal Fryske boeken dy’t mei dit tema te krijen hawwe. 

Der leit in krokodil ûnder myn bed

Yn 2015 keazen ta Frysk Printeboek fan it jier troch It Fryske Berneboek.

Krokodil Karel hat it te bûnt makke.
Hy wurdt fuortstjoerd troch syn freontsjes.
Híél fier fuort, oant ûnder it bêd fan Lyske.
Mar Lyske is net bang!

Foar bern oant 6 jier. Foar € 13,95 hjir te bestellen.

 

Tsien lytse hekses

Printeboek fan Lida Dykstra oer tsien lytse hekskes dy’t stik foar stik yn sokke nuvere sitewaasjes telâne komme, dat der hieltyd ien minder oerbliuwt. Gelokkich toveret mem heks oan ‘e ein – Simsala bimsala boem! – alle suskes wer nei hûs.

Foar bern oant 8 jier. Foar € 12,90 hjir te bestellen. 

 

De kening fan juster

De wyn begjint te razen. Fûgels krieze. Hy komt der oan …

Yn alle rêst hat de Raveman wachte op syn kâns om kening fan it Lân fan Juster te wurden. No’t de âlde Kening Magnus it lân ferlitten hat, grypt er syn kâns. Der is noch ien probleem: Renske. As Renske op in dei op it hûs fan Pake past, stiet der in geheimsinnige man op ‘e stoepe. Fan dat momint ôf sil neat mear itselde wêze …

De Kening fan Juster is in nij, spannend ferhaal fan Paul van Dijk oer jaloezy en freonskip. ‘Fryslân hat in Paul van Loon fûn’, sa skriuwt Sigrid Kingma yn de resinsje yn it Friesch Dagblad.

It boek is foar bern fan 8 oant en mei 12 jier. It is hjir foar € 14,50 te bestellen.

 

De lytse gruffalo

Op in nacht, de gruffalo snoarke lûd,
doe slûpte de lytse gruffalo fol moed
op har teantsjes, hiel sacht
út de gruffalogrot, yn de donkere nacht.

De lytse gruffalo giet op syk nei de Grutte Ferskriklike Mûs.
Mar wa’t se ek tsjinkomt,
gjinien liket op dat meunster.
Soe er wol bestean?

Foar bern oant en mei 8 jier. De lytse gruffalo is hjir foar € 13,95 te bestellen.

 

De blauwe jonge

Uniastate moat restaurearre wurde, mar de jonker hat dêr gjin jild foar.
De bern fan basisskoalle “De Opstap” helpe om jild yn te sammeljen. De jonker sil rûnliedings jaan. Earst is dêr net safolle animo foar oant Jort fertelt dat der in spoek yn de state is: de blauwe jonge dy’t ek op in skilderij stiet…

Lêsboekje by Studio F metoade, AVI E5M6, leeftyd 9+, 48 siden, paperback. Hjir te bestellen foar € 7,50.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!