heit&mem

Boek: Ik tel oant 100

Boek: Ik tel oant 100

Dieuwke van der Meer 3 oktober 2017

Ik bin hielendal fereale op it boek ‘Ik tel oant 100’! En myn dochter fan 5 trouwens ek. It boek is lekker grut en stevich en werklik wier, de tekeningen binne prachtich! Dêr kinst altyd wol nei sjen.

Mar it is dus in telboek. Hiel geskikt dus foar bern dy’t it tellen wat ûnder de knibbel krije wolle (groep 1, 2 en 3). Mar der sitte ek oare leuke sykopdrachten yn. Lykas ‘Watfoar bist op dizze side is gjin fisk?’ of ‘Watfoar blom fynsto de moaiste?’ 

In oanrider dus! (ek leuk as kreamkadootsje)
It boek kostet € 12,95 en is te krijen yn dyn boekhannel of hjir online te bestellen.

Sjoch hjirûnder it filmpke foar in ympresje fan it boek ‘Ik tel oant 100!’. 

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.