heit&mem

Gebarentaal foar bern

Gebarentaal foar bern

Hottie Eigenraam 19 mei 2017

In poppe begrypt al folle mear asto faaks tinkst. Hoewol in berntsje pas mei oardel jier begjint te praten, kin it al fan seis moannen ôf mei gebaren kommunisearje. De harsens fan in poppe binne mei seis moannen al sadanich ûntwikkele dat de poppe assosjaasjes lizze kin, de wurden dy it heart kin ferbine wurde oan wat it sjocht of wat der bart. De perioade fanôf dat it bern de taal al begrypt oant dat it wurden prate leart, jout troch gebrûk fan poppe- en bernegebaren in stimulâns yn ’e taalûntjouwing.

 

Wêrom soest do poppe- en bernegebaren ynsetten gean?

Wa ken it net: Dyn berntsje wol dy wat dúdlik meitsje, mar do ferstiest him net. Wat soe it moai wêze wannear asto him begripe kinst. De gebaren is in middel om inoar ‘ferstean’ te kinnen. Troch gebaren te brûken kin dyn berntsje it ynisjatyf nimme om yn petear te gean.

‘Plaatsjes’ kinsto makliker ûnthâlde dan wannear asto allinne wurden hearst.
Mei poppe- en bernegebaren makkesto in plaatsje by de wurden dy’tsto tsjin dyn berntsje seist.
Asto en dyn berntsje inoar oan sjogge asto gebaren brûkst, hasto mear oandacht wilens ynteraksjes en is mannichfâld werhelling fan dy boadskip net nedich.
Ut ûndersyk docht bliken dat bern dy’t op jonge leeftiid gebaren leard hawwe op harren fjirde jier in dúdlike taalkundige foarsprong hawwe.

Bisto nijsgjirrich wurden nei in kursus yn poppe- en bernegebaren? Sjoch dan op de webside www.mijngebarenwereld.nl foar de mooglikheden!

Om alfêst kennis te meitsjen mei in koarte gebarenkursus, is in temakursus tige gaadlik. Op 27 maaie o.s. stiet de Famylje sintraal yn de earstfolgjende temaworkshop. In oantal gebaren oer de famylje wurde oanleart  yn de kursus dy’t om 10.00 oere start oant 11.00 oer. De lokaasje is oan de Ylostinsleane 1 te Drylts. Net allinne bern en âlders binne fan herte wolkom, mar ek professionals.

Kom der by en jou do op fia it kontaktformulier op de webside: www.mijngebarenwereld.nl

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!