heit&mem

Kraaltsjes foar mem

Dieuwke van der Meer 11 mei 2017

‘Wat hast hjoed dien op skoalle Maaike?’ ‘Ik ha kraaltsjes rige’, seit se entûsjast. Mar dan sjoch ik ynienen in skrik yn har eagen. Se slacht de hân foar de mûle. ‘Oeps’, seit se. ‘Dat mocht ik dochs wol sizze? freget se besoarge.’ ‘Ja hear’, sis ik, ‘ik wit ommers noch net hoe’t it krekt wurdt!’ ‘Oh nee, seit se ferromme.’

Hearlik fyn ik dat, dy tariedingen foar memmedei. De spanning om neat te sizzen, it ferstopjen fan it kadootsje en it net wachtsjen kinne om it kadootsje te jaan.

Memmedei fyn ik hoe dan ek hiel bysûnder. It is in dei om efkes stil te stean by dyn eigen mem en by it memwêzen. Want memwêze is net sa fanselssprekkend. Dit jier op memmedei is it presys fiif jier lyn dat ús dochter my it moaiste geskink ea jûn hat; memmedei. Snein fiere wy har 5e jierdei. Tankberens is it iennige wurd dat by my opkomt. Tankber foar myn eigen mem, myn skoanmem en dat ik sels mem wêze mei.

Snein is it ús dei. In dei foar alle oansteande memmen, foar alle memmen mei grutte gesinnen, foar alle memmen mei lytse gesinnen, foar alle memmen dy’t graach in grut gesin ha woene mar úteinlik mar ien krigen ha, foar alle memmen dy’t noch dreame fan of stride foar in bern, foar alle memmen dy’t graach mem wêze woene mar dat net slagge is, foar alle memmen dy’t in berntsje adoptearre hawwe, foar alle memmen dy’t harren berntsje ferlern hawwe en foar alle memmen yn de himel.

Jimme fertsjinje allegearre de moaiste kraleketting fan de wrâld. Want MEM is mar in lyts wurd fan ienfâld, mar o sa grut fan ynhâld.

Alfêst fan herte lokwinske mei memmedei!

Dieuwke (35 jier, mem fan Maaike (4, hast 5!))

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.