heit&mem

Fryske gedichtsjes foar memmedei

Wy ha de moaiste Fryske memmedeigedichtsjes foar jim sammele. Ha jimme noch oanfollings? Wy hearre it graach!

Janna Dusselaar 1 mei 2017

Mem is moai, mem is grappich,
mem past altyd goed op my.
Mem makket myn iten, wasket myn klean
alle dagen wer opnij.

Mem is leuk, mem is geweldich,
mem is de leafste fan de wrâld.
Ik leau net dat der in oare mem is
dêr’t ik safolle fan hâld.

Dieuwke van der Meer

 

*

Leave mem,
wol mem ris komme?
Mei de holle hiel tichtby?
Dan krijt mem in tútsje
en in dikke krûp fan my.
Der binne in protte memmen
en der sitte wier ek leave by,
mar de alderleukste mem
dy is dochs echt fan my.

Dieuwke van der Meer

*

Memmy, sjemmy, koekepemmy
memmy, pemmy, pom.
Mem kriget hjoed in kadootsje,
wit mem wol wêrom?
Want dat hat mem fertsjinne,
want mem is altyd leaf foar my.
In kadootsje en in krûpke,
want it is memmypemmydei!

Dieuwke van der Meer

*

Ik ha in geheim, sst sst.
Ik stopje myn pakje wei.
Ik ha in geheim, sst, sst,
foar memmedei, sst sst.

Ik jou in kado oan mem.
’t Komt ûnder myn bedsje wei.
Ik jou in kado oan mem,
foar memmedei.

By it lêste kûplet kin ta beslút ‘asjeblyft’ roppen wurde ynstee fan ‘sst, sst’.
Dit ferske komt út it Tomke jierboek.

*

Hoi leave mem fan my,
foar my is it eltse dei
memmedei!

*

In kadootsje, in kadootsje krijt mem fan my.
Want it is hjoed, want it is hjoed memmedei.
In kadootsje, in kadootsje en in tút.
Pak it pakje, pak it pakje no mar út!

(tekst en muzyk: Hindrik van der Meer)

Dit ferske is te hearen op de cd Deuntsjes foar dy 2

*

Leave mem, wekker wurde
hjoed wurdt ús mem bedoarn!
Bliuw noch mar waarm ûnder de tekkens
de kofje komt der oan.
Aanst smar ik in stikje bôle,
lekker mei wat sjem.
Mar no earst hjir in kadootsje,
foar de allerleafste mem.

Dieuwke van der Meer

*

Leave mem,
hjirby in kado
dat ik sels makke ha.
Om it kado
sa moai te krijen
dat foel alhiel net ta.
Leave mem,
pak it kadootsje
no mar hiel gau út.
Dan krijt ús mem
ek fan my
in hiele dikke tút!

Dieuwke van der Meer

*

Bim bam bem,
wekker wurde mem!
Bim bam bo,
ik ha in moai kado!
Bim bam bei,
spesjaal foar memmedei.
Bim bam bis,
omdat ús mem de leafste is!

Dieuwke van der Meer

*

Ik hoech echt gjin kado’s, myn skat,
mar inkeld wat tiid mei dy.
Want it moaiste kado
krige ik mei dyn berte:
do joechst my memmedei.

Dieuwke v.d. Meer

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.