heit&mem

De nije heit&mem is der!

De nije heit&mem is der!

De nije heit&mem is der! En wat is er wer moai wurden, al sis ik it sels. Foarop steane Sofie en Floris út Drachten. Skattich no?
Fierder artikels oer oandacht foar taal by it konsultaasjeburo, kinesiology, oer Jeroen en Rosalyn dy’t in draachmem sykje en gean sa mar troch.

Dieuwke van der Meer 8 mei 2017

Paul van Dijk skreau ek wer in prachtige kollum foar ús blêd, Froukje Berber pronket har moaie dikke búk en ek de nijste Fryske boeken, sa as Buorman Brombear en Jip en Janneke yn it Frysk steane der wer yn.

It blêd wurdt 40.000 kear ferspraat troch hiel Fryslân. Sjoch hjir foar de ferspriedingslist.

Wolst it blêd leaver thús besoarge krije? It blêd is ek hjir online te bestellen en dan betellest allinne de ferstjoerskosten.

Wolsto graach tenein ek de heit&mem útdiele yn dyn skoalle, evenemint of organisaasje? Stjoer dan in mailtsje nei ynfo@heitenmem.nl.

It blêd is hjir online yn te sjen.

 

Hast fragen of opmerkings nei oanlieding fan de heit&mem? Lit it ús witte! Lit hjirûnder in reaksje efter of mail it nei ynfo@heitenmem.nl.

En ferjit dy net oan te melden foar ús nijsbrief! (mei freebies!!)

Moaie dei en in protte lêswille tawinske!

 

 

Bewaren

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.