heit&mem

Winkelje sûnder jild om hannen

Ciska Noordmans 13 oktober 2017

‘Tachtich euro asjeblyft’, seit de kasjêre by de supermerk as ik de boadskippen ôfrekkenje.
Wat in jild, tink ik, mar ik betelje sûnder dat it echt sear docht. Tink dy no ris yn datsto gjin baan hast, krekt skieden bist of mei grutte skulden sitst … Dan wurdt jild útjaan in striid.
Heit&mem praat mei de famylje Blanken út Snits, dielnimmers fan de voedselbank, en mei
Ed Comino, bestjoerslid en dielnimmerskoördinator by Voedselbank Sneek.

Ed Comino: ‘Bij de voedselbank spreken we van deelnemers, niet van cliënten of klanten, omdat dit het meeste recht doet aan de mensen die deze vorm van hulp tijdelijk nodig hebben.’ Troch tv-programma’s as ‘Schuldig’ en ‘Een dubbeltje op zijn kant’ ûntstiet der in fertekene byld fan dy groep minsken dy’t it wetter faak oan de lippen ta stiet. En meast net iens troch eigen skuld, neffens Comino. Hy ferfolget: ‘Deelnemers kunnen maximaal drie jaar gebruik maken van de voedselbank. Binnen deze periode moet de situatie veranderd zijn. Natuurlijk kun je niet “zomaar” bij de voedselbank terecht. Of een huishouding in aanmerking komt, hangt af van de normgrens, die wordt bepaald door de samenstelling van het gezin en wat er onder aan de streep overblijft. De voedselpakketten geven mensen “lucht”; het haalt even de druk van de ketel, en geeft de gelegenheid om tijd en energie in andere dingen te steken. Want mensen die gebruik maken van de voedselbank hebben vaak een hoop sores aan hun hoofd.’

Troch tv-programma’s ûntstiet der in fertekene byld.

De famylje de Bruin út Snits befêstiget dat. It gesin bestiet út heit, mem en fjouwer bern yn de leeftyd fan poppe oant basisskoalbern. De âldste twa binne út in eardere relaasje fan mem, en de jongste twa meitsje de húshâlding kompleet. It stel is no trije jier byinoar en hat al hiel wat foar de kiezzen krigen. Heit die in hbo-oplieding ynternasjonale hannel en hie genôch jild om ek noch wat te sparjen. Underwilens gong it libben troch, waard er ferlyfd en kamen der bern. De stúdzje waard doe wolris ûnderbrutsen; de kombinaasje fan bern en studearjen wie ‘a hell of a job’, mar ûndertusken is er slagge. Ek al hat er noch gjin wurk fûn, ambysjes hat er genôch, nettsjinsteande in lichaamlike beheining. No is hy alwer oan ’t learen om syn kâns op wurk te fergrutsjen. Syn frou hie earder al in baan, mar hat de hannen no fol oan de lytskes.
Heit: ‘In húshâlding mei fjouwer bern is drok. It is dan hiel frustrearjend asto ek noch in protte tiid kwyt bist oan ynstânsjes lykas de gemeente en de belestingtsjinst. Omdat sokke ynstânsjes ek wolris fouten meitsje, bist soms dagen, wiken of moannen oan it beljen om alles wer rjocht te breidzjen. En dêrnei krijst in gemeentewurker op dyn dak om te freegjen wêrom’t de telefoankosten sa heech binne! Kinst dát ek nochris útlizze!’

Ed Comino leit út dat húshâldingen dy’t it net rom ha, lykas it gesin de Bruin, gebrûk meitsje kinne fan de voedselbank. En net allinnich foar in itenspakket, want de voedselbank bemiddelet ek yn de kontakten mei oare helpynstânsjes. Ienris yn de twa wiken jout de voedselbank yn Snits sa’n 70 itenspakketten út. ‘Onze voedselbank is goed georganiseerd. We hebben alles gedigitaliseerd en voldoen aan alle eisen. Wij worden gecontroleerd, onder andere door de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit. Dat is fijn, want dat geeft leveranciers, zoals supermarkten, ook de zekerheid dat er goed met hun waar wordt omgesprongen.’

We binne der net grutsk op dat wy winkelje by de voedselbank.

De famylje de Bruin is bliid mei de help. ‘It belangrykste is dat wy gelokkich binne en allegearre goed sûn. We binne der net grutsk op dat wy winkelje by de voedselbank, mar we binne bliid mei de help dy’t wy krije. We hawwe sels sparre foar in djipfriezer om alles sa lang mooglik goed te hâlden. Ek de griente dy’t wy fan ’t simmer yn ús foartúntsje ferboud hawwe, kin dêr yn. Soks jout ek in protte wille. De bern helpe mei, sy leare derfan en wy fine it hiel gesellich om dingen mei syn allen te dwaan, sûnder dat soks no in soad hoecht te kostjen. Fierder besparje wy bygelyks op boadskippen en reparaasjes. Wy meitsje sels ús waskmiddel* en wy sjogge goed nei de oanbiedingen. Soms keapje wy in grutte foarried yn. Fia ynternet kinst ek hiel wat fergees krije; der binne alderhanne sites mei ‘weggeefhoeken’ of ruilbeurzen. Hjir yn ’e wyk sit ek in kleanbank. Wy krije dêr klean wei, mar wy bringe dêr ek wer lytse maatsjes hinne. Sa helpe wy inoar. Fierder binne wy kreatyf yn it betinken fan oplossingen. Dat moat ek wol ast de eintsjes oaninoar knoopje wolst.
It is soms sa ferliedlik om jild út te jaan. Kinst djoere dingen oer in pear jier ôfbetelje, of keapje fia creditcards en sa, mar dêr begjinne wy net oan. Wy hawwe al lang leard dat gelok net yn jild sit.
En oeral is wol wat. Elk húske hat syn krúske. Mar foar ús jildt ek: sin en wille kinne folle tille.
Wy moatte der mei syn allen wat fan meitsje!’

Neffens it Sociaal en Cultureel Planbureau libje der yn Nederlân 1,2 miljoen minsken yn earmoede, en 810.000 minsken fan dy groep ha te min jild foar de basisbehoeften, lykas iten, klean, wenjen, fersekeringen en sa. 40 prosint fan dy groep hat in betelle baan of wurket as selsstannige. Oeral yn Nederlân is earmoede, mar fierwei de measte earmoede komt foar yn de trije noardlike provinsjes: Drinte, Grins en Fryslân.

Yn ferbân mei de privacy is de namme fan de famylje fingearre.

Boekentip: E-book: 101 tips om geld te besparen op de boodschappen

Troch: Ciska Noordmans

Út: heit&mem nr. 1 2017

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!