heit&mem

Heit & mem sille trouwe!

Dieuwke van der Meer 5 juni 2023

It komt hieltyd faker foar dat stellen dy’t trouwe sille al bern hawwe. En dat is foar de bern fansels hartstikke leuk, sa kinne se alles bewust meikrije. Ek foar styfbern is it hiel spesjaal, want in houlik ferbynt dan net allinnich twa partners, ek de bern wurde troch it houlik mei de nije partner ferbûn. Mar hoe kinst dyn bern dêr no goed by belûke? Heit&mem jout tips!

3 tips om dyn bern by de brulloft te belûken

1) Lit se meidwaan by de tarieding

Do kinst dyn bern by de tarieding belûke troch bygelyks mei syn allen houliksútnûgingen út te sykjen, of de bern helpe te litten by it útkiezen (en it priuwen!) fan de breidstaart. Lit se harren feestklean sels mei útsykje en jou se in moai plakje yn it trouferfier. Ek kinst al fêst boekjes foarlêze oer dit ûnderwerp.

2) De berne-akte

Tip: Belûk dyn bern ek by de seremoanje troch harren de berne-akte ûndertekenje te litten! Sa fiele sy harren op de grutte dei ekstra belutsen by de plechtichheid. It mei dan gjin offisjeel dokumint wêze, foar de bern fielt it dochs wol hiel offisjeel.

Hjir fynst ferskillende ûntwerpen fan de berne-akte, mei ferskillende beneamingen: heit & mem, papa & mem, heit & mama en ien dy’t sels yn te foljen is. Kies de meast tapaslike út en printsje him út op moai papier. Net ferjitte mei te nimmen nei it gemeentehûs! Hielendal moai is it om de bern ek te belûken yn jimme troubelofte en se in eigen lyts trourinkje te jaan.

3) Jou de bern in taak

Bern fine it faak leuk (ôfhinklik fan de leeftiid) om bygelyks in ferske te sjongen, in toanielstikje te dwaan of in gedichtsje foar te lêzen. Der steane prachtige leafdesteksten en gedichtsjes yn it nije boekje ‘Leafste leave’. Ek kinne de bern roazebledsjes struie, it breidsboeket fêsthâlde of de bedankjes útdiele. Aldere bern wolle faak wol helpe as ekstra fotograaf of kameraman.

Alie Galema-Dijkstra: ‘Onze twee meiden waren erbij. De oudste (5) heeft de ringen gebracht en we hadden alle drie een trouwjurk. Onze oudste dochter had hetzelfde boeket als mij, maar dan in het klein.’

Tini Boonstra-Hofstee: ‘Na precies 15 jaar samenzijn besloten wij te gaan trouwen, zodat we allemaal dezelfde achternaam zouden dragen, en onze liefde op een bijzondere manier te laten bezegelen. Onze kinderen waren op dat moment 5,5 en 3 jaar. De mooiste kleding werd uitgezocht en de fotoshoot vond plaats voor de trouwkaart. Het gedichtje op de kaart werd nauwkeurig gekozen, ook hierin zijn de kinderen betrokken. Er werd een aftelkalender gemaakt voor de grote dag. We hebben er met z’n allen ontzettend naartoe geleefd en op de dag zelf enorm van genoten. Het is heel bijzonder om met je kinderen te trouwen, het is nu een herinnering van ons allemaal!’

Femke Jager: ‘Us twa âldsten rûnen foarop doe’t wy binnen kamen yn it gemeentehûs en se mochten neist ús sitte. Se krigen fan harren heit en mem beide ek in ring, want wy trouden meielkoar!’

Alie de Vries Lourens: ‘Us famke hat de útnûging stjoerd, en dêrop stie: ‘Grutsk kundigje ik oan dat heit en mem trouwe sille. De famyljenamme ha ik al, en mem kriget him no ek har fierdere libben.’

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!