heit&mem

Hoi bamy

Hoi bamy

Paul van Dijk 31 juli 2017

Hoi bamy

‘Rupske komt deroan,’ seit myn soan.
Wy hawwe krekt it iten op. Syn eagen glinsterje, mar ik begryp net hielendal wat er bedoelt.
Begjint dat no al, tink ik, datst dyn bern net mear folgje kinst?
Dan makket er in hânbeweging nei in sliert spagetty dy’t foar my op ’e itenstafel leit.  
‘Rupske komt deroan!’

Hidde is twa, in magyske leeftiid.
Us mantsje feroaret mei de dei en yn syn taal tilt it op fan de leuke fynsten. It is nammentlik in taal sûnder regels. Alles kin. En om’t er net wit hoe’t it heart, wurde kapusijners skyldpodden, is in Ikea-koer in pet, is in boartersguodbuorkerij in ‘kinderboerderij’ en is de oven in brievebus. Mar de brievebus is hiel hyt, dat wit er wol.
Wat moat dat moai wêze, om de wrâld sa te besjen. Eltse dei it begjin fan in nije ûntdekkingstocht. Achter eltse beam kin in kabouter sitte en op elk dak in Sinteklaas.   
Ik rin nei de kuolkast en lit wat yochert yn in komke glide. Dat falt yn ’e smaak.
‘Dêr wie er al: yochert!’ kraait Hidde en hy docht de hannen joecheiend omheech.   
As ik wat fla nim, en der wat fan myn leppel dript, sjocht er my skarlúnsk oan.
‘Wat is der?’ freegje ik.
‘Heity syn leppel plast.’  

Hy praat net allinnich hiel leuk, ik hear mysels sa no en dan ek werom. Ek it taalgebrûk fan ús heit, ús mem, myn frou  en har âlden wurdt entûsjast imiteard (en as er in leuk Hollânsk wurd by de bakker heart, seit er dat ek).
‘No is it klear’, sei er okkerdeis doe’t ik him oan it kideljen wie.  ‘Ja, Hidde, no is it klear.’
En as ik in aai foar him bakt haw:
‘Hea-luk. Lekker. Hat heit goed dien.’
Mar it moaist fyn ik it lústerjen nei de babyfoan. Ja, dat klinkt miskien nuver. Mar de mominten foardat dreamelân him ferwolkommet binne echt geweldich. Ik kin it jimme oanriede. Dat giet by ús thús meastal sa: alderearst komme alle dingen fan de dei foarby, dêrnei alle stripfigueren (Mickey, Goofy) en oan ’e ein seit er hoi tsjin de dei. It docht my altyd wat tinken oan it gedicht Marc groet ’s morgens de dingen fan Paul van Ostaijen. Mar dat kin er net stellen hawwe, want Van Ostaijen is al in skoft dea en myn soan lêst gjin gedichten.  

Hidde docht it sa:
‘Hoi memmy.’
‘Hoi bûten.’
‘Hoi bamy.’
Dêrnei kin der rêstich dreamd wurde.

Paul van Dijk

www.paulvandijk.frl

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!