heit&mem

Pykje Fjouwer

Tante Tjits 9 mei 2022

Yn it nêst fan mem Skries leit noch ien aai. Mar Mem wurdt senuwachtich. It duorret har te lang. Se nimt de pykjes dy’t der al binne mei en giet fuort. Net folle letter slagget it pykje Fjouwer om de dop stikken te krijen. Hy begjint om te skarreljen yn it gers. Mar mem Skries wist it al: de greide kin gefaarlik wêze foar lytse skriezen. Pykje Fjouwer moat yn ’e slach mei in in grut brullend meunster, in sleat en in wiete tonge oer syn kop. Gelokkich is de tonge net fan in foks, mar fan Kealtsje, dy’t him meinimt nei de pleats. Pykje Fjouwer hat it dêr bêst nei ’t sin, mar toch begjint it te kribeljen. Hy wol op reis! Hy giet op syk nei de oare skriezen om mei harren nei Afrika te fleanen. It wurdt kâld yn Fryslân, it wurdt winter. Kealtsje tinkt oan pykje Fjouwer. Soe er syn freon oait nochris wer sjen? En dan, as de sinne wer begjint te skinen, sit der ynienen in skries op ’e hikkepeal. Pykje Fjouwer! Mei syn wyfke is er wer werom op it blomkelân by de pleats. Der komt in nij nêst en der komme fjouwer aaikes. As der trije aaikes útkommen binne, wurdt mem Skries ûngeduldich. Se wol fuort mei har trije pykjes. Mar dat lit heit Skries fansels net gebeure!

In fantasyferhaal, mar tichtby hoe’t it yn de natuer echt giet. Fansels rêdt in kealtsje in skriezepyk net út de sleat, mar skriezen meitsje wol lange reizen en witte op wûnderlike wize it paad nei harren bertegrûn wer te finen. Net in nij ferhaal, in ferhaal fan alle tiden. De klassike, hast nostalgyske yllustraasjes passe prachtich. Ast wolst kinst in soad opstekke fan ‘Pykje Fjouwer’, mar ast dat net wolst, is it boek noch altyd in lekker fleurich maitiidboek. Sels hie ik graach dy aventuerlike reis nei Afrika meibelibbe mei pykje Fjouwer, mar miskien makket dat mystearje it wol spannender.

Achteryn it boek stiet ynformaasje oer de skries. Dat makket it boek hiel geskikt foar wat âldere bern en om te brûken op skoalle. It klassike ‘Simmermoarn-sankje’ is in feest fan herkenning foar noch wat âlder. Ik koe mar ien kûplet, mar de bisten yn it printeboek ha gelyk: se sitte der allegear yn. Dat is in leuk sykspultsje as ekstra bonus. En: dat spultsje kinst ek bûten dwaan!

Tante Tjits
(sjoch foar mear op www.tantetjits.nl)

 

 

It boek Pykje Fjouwer is hjir foar € 13,50 te bestellen.

Bewaren

Bewaren

Bewaren

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.