heit&mem

De foarstelling ‘Ien dei út it knisterjende libben fan in pûdsje’ wie….. BG!

De foarstelling ‘Ien dei út it knisterjende libben fan in pûdsje’ wie … BG! 

Dêr kamen wy binnen, Tije (hast 6) huppeljend oan myn hân. Stikem wie it bêst in bytsje spannend. Yn de foyer fan Tryater wie it al in gesellige drokte. Bern wiene op linnen taskes oan it kleurjen en koest mei it FryskLab dyn namme yn 3d printsje litte. Om trije oere koene we nei de seal en dêr stie Frits Rits, de boskwachter, ús al op te wachtsjen. Hy makke even in praatsje mei de bern en frege: ‘As ik tsjin jim sis: BG, witte jim dan wol wat ik bedoel? BG betsjut “Bêst Genôch!” Dus, is it BG? Ja, it is BG!’ 

Carolien ter Schuur 20 maart 2017

Neidat Tije en de oare bern troch de beamstam it bosk yn krûpt wiene en wy allegearre in moai plakje op de beamstammen fûn hiene, koe de foarstelling begjinne. Frits hie mei syn flitsende keunsten fan it begjin ôf de oandacht fan de bern te pakken. Mei in protte enerzjy en humor yntrodusearre hy syn grutste angst: ‘knisterjend plestik yn syn bosk’. Dat wie net sus Rita har probleem, dy wie ‘yn llllllove mei plestik’ en sa seach se der ek út mei har knalreade plestik prúk, plestik wimpers en plestik glimmende pakje. Mei syn beiden wie it in amusant duo om nei te sjen en te lústerjen. Mei in grutte doasis humor, grappige attributen en lûden waard de problematyk foar de bern dúdlik: plestik fergiet net en heart dus absolút net thús yn de natuer. De rêstmominten tuskentroch mei moaie, rêstige muzyk hâlden de ynteresse by de kleuters goed fêst. Doe’t it stik ôfrûn wie, mochten de bern troch de beamstam it bosk wer út krûpe en in gleske lekkere griene appellimonade drinke. En doe’t Tije en ik wer ûnderweis nei hûs wiene, rôp hy by alles wat hy oan plestik lâns de kant fan de dyk seach hieltyd: ‘Plestik heart yn de bak!’. Al mei al hawwe wy beide in hiele moaie middei hân en op in leuke, boartlike wize der beide ek noch wat fan leard. Wy fûnen it: BG!

 

Oer de foarstelling
Yn de foarstelling nimt de bonkige boskwachter Frits Rits (Lourens van den Akker) de Fryske kleuters mei nei de risselbosk. It is syn mobile natueredukaasjesintrum. No sille sy yn ‘e kunde komme mei al dy bjusterbaarlike saken dy’t de natuer harren te bieden hat. En as it goed is wurdt Frits hjoed ek noch assistearre troch syn kreaze suster Rita (Marjolein Ley). No moatte we al hoopje dat se har pûdsje by har hâldt. Want dat pûdsje is fan plastic, en plastic heart net yn de natuer. Plastic heart yn ‘e bak. De Sweedske snor wol gjin plastic oan ‘e poepert hawwe en de Frânske knakwjirm moat der fan spuie. Freek Vonk meets Hans Klok yn in bombastyske natuertrip oer plastic, hûnekeutels en in grut, grien kykgat.

Oer de makkers
Regisseur Karlijn Kistemaker har wurk is kontrastearjend, grappich en persoanlik. Mei har analytyske kyk, bizarre humor en krêft om har yn te libjen makket Karlijn magysk realistysk teater dat it libben, dat nea giet sa’t wy wolle, lichter makket. Spilers Marjolein Ley en Lourens van den Akker bringe yn de transparante kykhut dy’t foarmjouster Calle de Hoog betocht sels alle bisten, dy’t Calle makke, en de epyske natuerdokumintêremuzyk fan muzikant Chris Koopman ta libben. Peter Sijbenga docht de taalcoaching, Henk van der Kooi makke it ljochtûntwerp, Ben Vrielink docht de technyk.

Wêr te sjen?

De foarstelling wurdt nei de premjêre oant en mei heal april spile op basisskoallen en is trije kear foar elkenien te sjen, op 26 maart om 14:00 oere yn De Lawei yn Drachten, op 9 april om 15:15 oere yn De Harmonie yn Ljouwert en op 15 april om 15:00 oere yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean. In oere foar oanfang fan de iepenbiere foarstellingen kinne kleuters fan in meinommen plastic fleske sels in 3D-print meitsje op De Slimme Trapper, in recyclebakfyts fan Bibliotheekservice Fryslân, en in stoffen rêchpûdsje kleurje.

 

Op de website fan Tryater kinst mear lêze oer de foarstelling en is der in filmke te sjen.

 

 

 

 

 

Bewaren

Bewaren

Bewaren

Bewaren

Bewaren

Bewaren

Bewaren

Bewaren

Bewaren

Bewaren

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.