heit&mem

Ferkiezings

x 15 maart 2017

Wat fûn ik it dizze kear wer dreech… Stimme foar de Twadde Keamer ferkiezings. Op alle websites dy’t dy “helpe” om in goede kar te meitsjen kaam ik wer op wat oars út. No, dan mar de sites fan in oantal partijen bydel en ris sjen wat se foar it ûnderwiis, de jeugd en de soarch yn gedachten hawwe. Dat binne foar my op it stuit de belangrykste saken. Ik fyn allegear gouden bergen… Dan mar fierder sjen nei belestingen, natoer, Europa en oare tema’s. Ja, no kom ik wat fierder. Ik haw ek graach in plaatsje by it praatsje en klik hjir en dêr op in foto fan kandidaten. Sa krij ik stadichoan in byld fan de partijen en harren programma’s.

Ynienen sit ik wer my myn gedachten op it wurk. Ik moast ynfalle yn in oare beukerklasse dan myn eigen. De nammen fan de bern koe ik al, dat skeelt de helte. Guon bern hindere it neat dat der hjoed in oare juf wie, oaren fûnen it wol leuk en in pear moasten efkes gûle. It wie wol efkes spannend foar de bern. We hawwe in prima dei hawn mei-inoar mar oan’e ein fan de skoalledei sei in jonkje: “Ik vind jou wel aardig hoor, maar onze eigen juf vind ik liever. Komt ze morgen weer?”

No mar hoopje dat we mei hiel Nederlân ús stim hearre litten ha en dat se yn Den Haag de gouden bergen wier meitsje kinne, sadat wy by de folgjende ferkiezings ek sizze: “Komen ze morgen weer?”.

Tjitske van Akker
Juf op in basisskoalle yn Ljouwert en mem fan Wytske (7 jier), Janna en Mayke (in twilling fan 5 jier)

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.