heit&mem

Ferneamd: Leentje

Grutte Leentje: berne op 10 augustus 1962 en wennet yn Twizelerheide
Lytse Leentje: berne op 25 augustus 2014 en wennet yn Sweagerbosk
Betsjutting Leentje: ôfkoarting fan Helena, “de schitterende/stralende”

Joukje de Jong 3 maart 2017

Leentje van der West: ‘Eins prate wy der net iens oer. It ferneamen is yn ús famylje eins hiel fanselssprekkend. Ik bin sels ferneamd nei myn tante Leentje. Dat wie in suster fan myn heit syn kant. Al ús bern hawwe harren bern ek ferneamd. Myn soan hat syn dochter Jitske Leentje neamd, nei myn dochter en my. En no hat myn dochter har famke ek nei my ferneamd. Dat fyn ik geweldich.

Myn dochter kriich yn har swangerskip lêst fan swangerskipsfergiftiging. Under de befalling bin ik de hiele tiid by har bleaun. It wie sa spannend. We wisten net wat it wurde soe. Doe’t it in sûn famke bliek te wêzen en se ek noch Leentje neamd wurde soe, koe myn dei net mear stikken. Ik wie sa grutsk. Ik fyn Leentje in prachtige namme, hearst it net in soad. Yn it sikehûs fûnen se it ek sa’n moaie namme en se fûnen it hiel bysûnder dat se ferneamd wie. Myn beppesizzer Leentje har twadde namme is Louwina, ferneamd nei myn soan en har omke Louw. Offisjeel hienen se har nei myn âldste soan Tjeerd ferneame moatten, mar dêr koenen se net echt in moaie famkesnamme fan meitsje. Se ha noch by Tjeerd del west om te freegjen oft it wol goed wie om de oare broer te ferneamen. Dêr hie er gelokkich gjin muoite mei. Ik bin gek mei Leentje, ik sjoch har hast alle dagen, mar it bliuwt wol efkes wennen dat ik myn eigen namme sizze moat.’

Ut: heit&mem nr. 2 2015

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!