heit&mem

Eksperimintearjen en ûndersykjen is ien grut feest!

‘Ik fyn lytse beestjes mei kribelpoatsjes hiel ynteressant’, seit Vera wylst se har fingers bewege lit, ‘ek  al doe’t ik noch in lyts famke wie.’ Vera Damhuis skriuwt en tekenet al in hiel libben lang. Ferline jier makke se fronika de flie, in lês- en teken mar mei boek. ‘Doe’t ik op de middelbere skoalle siet, tekene  ik myn skriften fol mei droedels yn ’e kantline’, seit Vera Damhuis. Letter waard se ûnderwizeres, 

Ciska Noordmans 29 september 2017

28 jier stie se foar de klasse. Earst yn de ûnderbou en letter ek as ‘tekenjuf’ yn alle groepen. It ûnderwiis feroare en Vera ek. Se naam potlead en tekenboek op en begûn foar harsels.
Doe’t se foar in opdrachtjouwer ynsekten tekene hie op in hiel grut formaat, seach se dat de lytse flie der mei in pear opplak-eachjes allerleafst útseach. Dy soe yn it boekje fronika de flie de grutte ferlieder wurde dy’t bern nûget om te skriuwen en te lêzen, mar boppe-al te tekenjen.

‘Ik kin net tekenje’

Hoefolle âlders en ûnderwizers hearre bern net sizzen ‘ik kin net tekenje’, of sjogge dat bern in pear popkes op papier sette en dan gau roppe ‘ik bin klear!’ Vera Damhuis fertelt dat tekenjen begjint by ûndersykjen. ‘As beukerjuf helle ik bygelyks in tûke yn ’e klasse, ik liet de bern de blêden en de bast fiele, besjen en rûke, en dan seagen wy nei bûten hoe’t de beammen hinne en wer dûnsen op ’e wyn. Dêrnei tekenen we in beam. Nea wer tekenen dy bern in beam as in griene blomkoal op in stam. Bern ferfalle net yn skema’s as se de wrâld om har hinne sels ûnderfine meie.’

©foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen foto dd 09-07-2015 Vera Damhuis geeft les in het Jopie Huisman Museum. Heit en Mem     .

Aldere bern kinst útdaagje om te tekenjen troch fragen te stellen: Hoe komt it mantsje by it hûs? Op de fyts? Wêr is er lâns kommen? Wat seach er ûnderweis? Kinst bygelyks noch in ekstra feltsje oan it tekenpapier plakke. ‘En wêrom silst alles sels tekenje?’ seit Vera, ‘kinst ek in wolkeklauwer of in hynder út in tydskrift knippe, opplakke en dan wer fierder gean.’

Goed materiaal

‘Ast bern tekenje litte wolste, jou har dan goed materiaal. Foar wetterferve hast papier nedich dat it wetter lekker opsûget, oars begjinne de wurkstikken te ronfeljen en is de lol der gau ôf.
Hoechst net altyd djoer papier te keapjen; der binne in protte papiersoarten geskikt om te brûken: taartdoazen, behangrollen, postkoadeboeken, ensfh. Undersykje ris wat der mei dy bart asto nije dingen útfynst!’

Ast bern tekenje litte wolste, jou har dan goed materiaal.

‘In protte minsken tinke dat alle kleurpotleaden itselde binne. Mar do hast lekkere sachte potleaden nedich om mei te tekenjen, in 2B bygelyks. En keapje leaver ienris in doaze kleurpotleaden fan in goed merk, as foar in pear sinten in doaze kleurkes by in warehûs wei; dy lêsten hawwe folle minder kleurstoffen en fiele “hurd” oan. Itselde jildt foar wasko’s en wetterferve. Brune stompkes yn in snústerich doaske nûgje net út om te tekenjen, en eksperimintearje mei wetterferve is pas écht leuk as kleuren fan it papier spatte.’ 

Net benaud

Eksperimintearjen en ûndersykjen, dat is ien grut feest foar Vera en dat wol se bern én fansels ek folwoeksenen graach meijaan. ‘Ik bin fan fan it modderfeest: lekker boartsje mei modder en yn de natoer. Alders soenen har bern as foarbyld nimme kinne: ûndersykje, eksperimintearje en wês foaral net benaud foar wat fizichheid!’

‘We moatte ôf fan it idee dat allinne it einresultaat telt’

‘Der is noch in protte wurk te fersetten wat it tekenjen en goed tekenûnderwiis oanbelanget’, leaut Vera. Se pleitet foar it brûken fan printeboeken fan goede kwaliteit. Boeken dy’t bern leare te sjen nei kleuren en foarmen en dêr’t in soad yn te ûntdekken falt. Vera: ‘Ek de leararen fan de pabo’s hawwe in opdracht om studinten it ferskil by te bringen tusken kwaliteit en pulp.’ Dochs erkent se ek dat der yn it ûnderwiis hieltyd minder romte is foar eigen ynbring fan ûnderwizers.

Foar bern giet it om it proses: lijnen dy’t ûntsteane en kleuren dy’t op it papier komme.

Vera: ‘Tekenmetoades binne, lykas de rekken- en taalmetoades fan tsjintwurdich, hiel stjoerend. Underwizers binne de Tupperware-konsulinten fan de metoades wurden. We moatte ôf fan it idee dat allinne it einresultaat telt. Kinst miskien net altyd fuort sjen wat bern tekene hawwe, mar dat is meastentiids ek allinne mar belangryk foar folwoeksenen. Foar bern giet it om it proses: lijnen dy’t ûntsteane en kleuren dy’t op it papier komme.’

Troch: Ciska Noordmans
Ut: heit&mem nr. 2 2015

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!